Energie Inspectie - duorsum gemeentlik fêstgoed yn de praktyk
Ferduorsuming giet om dwaan. Energie-ynspeksje stipet al mear as alve jier gemeenten en oare organisaasjes yn Fryslân en dêr bûten by it enerzjysuniger, takomstbestindiger en betelberder meitsjen fan fêstgoed.
Wat begûn as enerzjyadvys is útwreide ta in breed ynsetber advysburo. Mei spesjalisten op it mêd fan enerzjy, technyk en belied begeliede wy it hiele ferduorsumingsproses: fan earste ynsjoch oant en mei de útfiering.
Us fokus: ûntsoargjen fan fêstgoedeigners en -behearders
Wy helpe fêstgoedeigners en -behearders om harren gebouwen stap foar stap te ferduorsumjen. Us krêft leit yn it ûntsoargjen: oersjoch biede, karren ûnderbouwe en soargje dat plannen ek echt útfierd wurde.
Sa wurkje wy:
Ynzicht krije
Wy bringe fêstgoed en enerzjyferbrûk dúdlik yn byld en litte sjen wêr’t de grutste kânsen lizze.
Advys jaan
Dizze ynsichten sette wy om yn in realistysk en útfierber plan fan oanpak, ôfstimd op belied en budzjet.
Finansiering regelje
Wy begeliede gemeenten by it oanfreegjen fan subsydzjes, lykas DUMAVA, en tinke mei oer passende finansieringsfoarmen.
Oanbesteegjen en ynkeap
Wy stypje by ynkeap- en offertetrajekten, beoardielje foarstellen en helpe by it kiezen fan gaadlike útfierders.
Utfiering begeliede
Ek ûnder de útfiering bliuwe wy belutsen. Wy bewake de kwaliteit en soargje dat it einresultaat kloppet.
Belutsen, kundich en praktysk
Wy hâlde fan dúdlike taal en koarte linen. Gjin rapporten sûnder ferfolch, mar oplossingen dy’t wurkje.
As ien fan de grutste sertifisearre advysburo’s fan Nederlân, mei in sterk servicepartnernetwurk, foldogge ús adviseurs oan de heechste kwaliteitseasken neffens de BRL9500- en NTA8800-noarmen. Sa helpe wy gemeenten om harren duorsumheidsambysjes wier te meitsjen.
Wy helpe jo graach op wei. Nim kontakt op mei Reinder of Jasper en ûntdek hoe’t wy jo ûntlêste kinne by it duorsum meitsjen fan jo gebouwen.
