Earste twatalige ferkearsbuorden yn Fryslân
Provinsje Fryslân is úteinset mei it ferfangen fan ferkearsbuorden troch twatalige buorden. Op freed 20 novimber fierde deputearre Eke Folkerts dizze mylpeal by De Westereen lâns de Sintrale As (N356). Sy oerlange dêr symboalysk in miniatuer fan it nije twatalige ÚT-boerd oan de wethâlder fan de gemeente Dantumadiel. Dêrmei ûnderstreken de provinsje en de gemeente harren mienskiplike ynset foar in twatalich Fryslân.
De provinsje ferfangt as earste 33 UIT-buorden lâns de N359, N356 (De Sintrale As) en N381. Op dizze buorden komme it Nederlânsk en it Frysk te stean. De besteande buorden wurde folslein ferfongen troch nije eksimplaren.
Deputearre Eke Folkerts is wiis mei dizze stap: It Frysk heart by Fryslân en mei ek op ús diken sichtber wêze. Mei dizze buorden jouwe wy ús taal it plak dat it fertsjinnet.
Folkerts joech nei de pleatsing fan it earste twatalige ferkearsboerd it ark symboalysk troch oan de oanwêzige wethâlders om mei-inoar oan de slach te gean mei twatalige ferkearsbuorden.
Mear buorden folgje
De 33 UIT/ÚT-buorden binne it begjin fan in gruttere ferfangingsoperaasje. De kommende moannen wurde ek oare ferkearsbuorden by provinsjale diken del twatalich makke. De provinsje ferwachtet de ferfanging yn de maitiid fan 2027 ôf te rûnjen. Sa krijt it Frysk op hieltyd mear plakken yn Fryslân in sichtber plak.
