Dyn wenning isolearje? Oant €2.500,- subsydzje mooglik

Fryske húseigeners kinne harren wenning isolearje mei stipe fan de provinsje Fryslân. De Subsydzjeregeling Provinciale plus lokale aanpak isolatie is ferlinge oant en mei 31 desimber 2027. De regeling is bedoeld foar Fryske húseigeners mei in leech ynkommen en in min isolearre wenning. Sy kinne maksimaal €2.500,- provinsjale subsydzje krije,  neist de bydrage fan harren gemeente.

Deputearre Sijbe Knol: "Dizze regeling hat in wichtich doel, om Fryske húshâldings te stypjen om harren wenning better te isolearjen. De wrâld lit sjen dat enerzjywissichheid needsaaklik is. Wy ferwachtsje dat de fraach nei isolaasje noch sterk bliuwe sil. Dêrom sette wy dizze regeling troch."

Alle jierren besparje op de enerzjyrekken

Mei de subsydzje kinne Fryske hûseigeners bygelyks de souderisolaasje ferbetterje, ruten ferfange of muorren isolearje. It Duurzaam Bouwloket advisearret hokker mooglikheden der binne en hokker bedriuwen dat útfiere kinne. In isolearre wenning ferbrûkt minder enerzjy en soarget foar in legere enerzjyrekken. Ek steane ynwenners dêrtroch sterker tsjin takomstige priisferheging fan enerzjy.

Enerzjyprizen bliuwe ûnwis

De enerzjymerk is kwetsber. De oarloch yn Oekraïne feroare de Europeeske gasfoarsjenning. Ek it konflikt yn it Midden-Easten soarge koartlyn foar nije priissprongen. Húshâldings mei in leech ynkommen fiele dat it hurdst. In isolearre wenning makket húshâldings minder ôfhinklik fan dy ûnwissichheid.

Hoe oanfreegje

De subsydzje kin oanfrege wurde fia it Duurzaam Bouwloket. Oanfreegje is mooglik oant en mei 31 desimber 2027. Foar elke gemeente is in apart provinsjaal budzjet beskikber. Is dat op? Dan kinst net mear oanfreegje.

Mear ynformaasje is te finen op: Subsydzjeregeling Provinsjale plus lokale oanpak isolaasje | Fryslan