Doe't al ús plannen goedkard waarden, wie it feest fansels.

Foar Warkum is wetter - yn de breedste sin fan it wurd - hiel wichtich. De lizzing tusken de Iselmar en de Fryske marren yn betsjut dat alle jierren tsientûzenen (wetter)toeristen Warkum besykje. Dat it wetter, it strân en de kust feilich en goed berikber wêze moatte, is dus om meardere redenen fan wêzentlik belang.

De wurksumheden dy't op dit stuit troch provinsje Fryslân yn Warkum útfierd wurde yn it ramt fan it projekt Versterken Friese IJsselmeerkust, binne yn nau oerlis mei de ûndernimmersferiening en Pleatslik Belang Warkum ta stân kaam. Sy hawwe ommers pas écht ferstân fan wat it wetter om Warkum hinne docht. Henk Miedema is al hast 30 jier fanút Warkum belutsen by it ta stân kommen fan de wurksumheden dy't no plakfine. Hy hat in soad betsjut. “Ik wie hieltyd nau belutsen.”

Henk Miedema staat op de rotsen naast het water.

Breed droegen 

"Al fan 1997 ôf sit ik yn klankboerdgroepen as dy formearre wurde rûn plannen foar Warkum", fertelt Henk. "Je krije de romte je sechje te dwaan, dêr't dêrnei neat mei dien waard. De polityk sei dan wól: 'it beslút is breed droegen'." Henk siet yn Pleatslik Belang doe't besletten waard dat skippen mear djipgong nedich hiene yn It Soal. "Dêr sieten yndie altyd in soad ûndjiptes yn. Oant en mei de slûs oan ta.” En dus waard yn de maitiid fan 1998 it hiele kanaal útbaggere. 

"Ik wie wettersportûndernimmer en myn kollega's en ik seine doe al: it fersânet by de yngong fan de Iselmar, net yn It Soal. Wy namen sels de djiptes mar op en stjoerden dy nei Rykswettersteat. Geregeld waard der pas nei it seizoen baggere.” It fersânjen waard hieltyd slimmer.

Fersâning 

Tsjin de tiid dat it Fryske marreprojekt úteinsette, joech Henk nochris dúdlik by de útfierders – Rykswettersteat, de provinsje en gemeente – oan, dat der in oplossing foar de fersâning komme moast. "It rûn altyd hiel dreech. Se binne yn 2005 begûn en it projekt soe yn 2015 klear wêze moatte. Doe wie der noch gjin oplossing. Fan it jild dat der doe noch wie binne de binnenhavens yn Warkum realisearre. ” 

Tagelyk moast de slûs ferdjippe wurde, sadat ek dêr djippere skippen trochhinne koene."Je kinne de slûs ferdjipje, mar it probleem sit by de yngong fan de Iselmar en It Soal. By alles wat je dogge krije wy - Warkum - mear lêst fan tichtslippend sân."

‘Lit mar sjen’

Yn 2016 krûpte Henk efter de tekentafel om sels plannen op papier te setten. En doe kaam it momint dat de provinsje Fryslân sei: 'lit mar sjen wat jim tinke dat de oplossing is'. 

De plannen dy't Henk tegearre mei Frank van Reve (ûndernimmer Recreatie It Soal), Nico Hoogland (kiteferiening) en Renier Persenaire (sylferiening) yntsjinne, wurde no realisearre. Der komt in strekdaam, mei in kuierpaad én in jaachpaad foar de jierlikse strontrace. Dêrneist wurde fiskploegen foar de sportfiskerij realisearre, én boathellingen. "Al ús plannen waarden goedkard", seit Henk. "Doe wie it feest fansels. It jout gewoan in kick as je dêr middenyn de Iselmar steane, op sa'n strekdaam."

Trekfûgels 

De plannen sille benammen dit jier wiermakke wurde. "Miskien dat der yn oerlis mei It Fryske Gea yn relaasje ta de trekfûgels in pear lêste dingen pas takom maitiid ôfrûnje kinne. Mar dat is noait in soad.” Henk hat neat as lof foar de wize wêrop’t de provinsje him opstelt." Foar de Boufak sil de strekdaam der lizze en ek fan it strân moat safolle mooglik gebrûk makke wurde fynt de provinsje. Dat dêr sa rekken mei hâlden wurdt en dat der sa goed pland en gearwurke wurdt, is fantastysk.” 

De strekdaam hat neffens Henk folle mear wearde krigen. "It moaiste kitesurfstrân fan Nederlân wie hielendal fersân: dêr stie noch mar tritich oant fjirtich sintimeter wetter op.” It wûn sân wurdt nei de Warkumerwaard brocht om dêr de kustline te fersterkjen."Dat bart nei it briedseizoen", seit Henk. "Ek dêr hâldt de provinsje geweldich rekken mei.” 

Trije jier lyn gie Henk mei pensjoen. Sit der ek in eindatum oan it as ynwenner meitinken oer de ynrjochting fan it wetter en de kustline om Warkum hinne? “Ik sit no allinne noch yn 'e ûndernimmersferiening”, beslút er. “As dizze wurksumheden aanst realisearre binne, dan is it foar my ek klear.”