De strannen by it Murnzer Klif en de Hege Gerzen binne fernijd

Flak foar it losbarsten fan de simmerrekreaasje is hurd wurke oan de strannen fan it Murnzer Klif en de Hege Gerzen. Troch wyn, streaming en golfslach is yn de ôfrûne jierren in soad sân ferdwûn, wêrtroch't beide strannen hieltyd smeller waarden. No't it sân oanfolle is, binne de strannen makliker brûkber en tagonklik foar rekreanten en bewenners.

It oanfoljen fan sân barde út it projekt Versterken Friese IJsselmeerkust (VFIJ) wei. By it Murnzer Klif is it stik by it kitesurfstrân útgroeven en djipper makke. De hjoeddeiske daam soarget foar it yn stân hâlden fan it nije strân, sadat fierdere eroazje beheind wurdt. Ek by de Hege Gerzen is it sân op it strân wer oanfolle. Dêr waarden stiennen lein en twa dammen kreëarre, om foar te kommen dat it sân wer fuortspiele soe.

Suksesfol ôfrûne

It wurk oan de strannen is yntusken klear. De ôfrûne moannen waard der folop kreëarre. Hoe ûnderfine ûndernimmers en besikers de strannen nei de wurksumheden? Undernimmers Gonja van der Linde, mei-eigener fan Paviljoen't Mar by it Murnzer Klif, en Sjerp Jaarsma, útbater fan Strand en rekreaasjeterrein de Hege Gerzen, fertelle. 

Moaie plaatsjes

Gonja fertelt: “Wy binne hiel bliid mei de ferbreding fan it strân. De reaksjes fan besikers en gasten binne ek tige posityf, minsken fine it hiel moai. Wat aardich is: foarhinne leine de measte minsken op it gers en dizze simmer paste elkenien rom yn it sân, omdat it strân folle grutter wurden is. We ha ek al ferskate trouseremoanjes hân en no kinst écht op it strân mei de fuotten yn it sân trouwe. Dat smyt hiele moaie plaatsjes op.”

Een strand aan een groene omgeving.

Nei dizze earste simmer docht it goed bliken dat der noch in slach makke wurde sil by Murns. Der is relatyf tefolle sân komme te lizzen op it kitesurfstrân. Dat sân wurdt nei it swimdiel brocht, dêr't wat te min leit op dit stuit. 

As der dan ek húskes realisearre binne, dan is it perfekt wat Gonja oanbelanget. “In iepenbiere toiletfoarsjenning stiet by elkenien heech op de winskelist. Dêr binne wy drok mei dwaande, yn 'e mande mei ûnder oare de gemeente. ” 

Beskerming

Sjerp Jaarsma is ek benammen posityf. "De stiennen dy't deromhinne lein binne, eagen hiel moai. Sa't it no ta hichte fan de Hege Gerzen fersterke is, hat de kust in goede beskerming tsjin de súdwestewyn krigen.” Alle jierren moast troch de gemeente in bytsje sân bybrocht wurde, “en as it goed is hoecht dat no net mear. Dêrfoar hawwe wy hjir no de stiennen en twa dammen krigen.”

“It sjocht der dus moai út, dat sizze gasten ek. Der is spitigernôch sprake fan begroeiïng op it strân. Mei provinsje Fryslân is no ôfpraat, dat we takom maitiid foar it rekreaasjeseizoen begjint noch efkes byinoar komme. Dan besjogge we hoe't it der dan hinne leit en oft der noch in aksje nedich is of net."

Fersterkje Fryske Iselmarkust

Yn it projekt VFIJ wurkje oerheden en natuerorganisaasjes gear oan in sterke en feilige Iselmarkust, mei omtinken foar natuer, lânskip en rekreaasje. VFIJ wurket yn it projekt yn Gaasterlân gear mei de provinsje Fryslân, gemeente De Fryske Marren en It Fryske Gea. De wurksumheden wurde útfierd troch grûn- en oannimingsbedriuw Van der Meer út Skearnegoutum.