Cultuurmonitor 2024
De Cultuurmonitor 2024 fan Planbureau Fryslân is opsteld yn opdracht fan de provinsje Fryslân. Wat fine ynwenners fan Fryslân fan it kulturele oanbod? Hokker foarsjennings besykje se, hokker aktiviteiten ûndernimme se sels - en hoe sjogge se nei de takomst fan kultuer yn de provinsje?
De monitor lit sjen hoe’t ynwenners kultuer belibje en bringt ferskillen yn kaart tusken leeftydsgroepen, regio’s en opliedingsnivo's. In opfallende útkomst: jongfolwoeksenen binne net allinnich aktive besikers fan kultuer, mar se binne ek sels kreatyf dwaande. It online dashboard fynst hjir: 20241219 Cultuurmonitor | Tableau Public
Rapportaazje Cultuurmonitor
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.