Kulturele produksjes Fryslân 2020 -2028

Foar wa is de regeling bedoeld? 

Fan 9 desimber 2025 ôf oant en mei 10 febrewaris 2026 kinne ferieningen en stichtingen subsydzje oanfreegje foar de tarieding en útfiering fan kulturele produksjes yn de provinsje Fryslân. De provinsje Fryslân stelt dêr € 300.000 foar, - beskikber. 

Utgongspunten subsydzjeregeling 

In oanfraach moat oan it folgjende foldwaan: 

  • De oanfreger is oantoanber aktyf yn de kultuersektor yn Fryslân;
  • Op syn minst ien by de oanfraach belutsen makkers hat twa of mear kulturele produksjes makke;
  • De kulturele produksje hat in boppelokaal belang. Under kulturele produksjes ferstean wy produksjes, projekten en/of presintaasje op it mêd fan muzyk, byldzjende keunst, teäter, fotografy, dûns of in mingfoarm dêrfan. Aktiviteiten dy't primêr rjochte binne op oare artistike dissiplines, lykas film en literatuer, falle bûten dizze regeling. 

Foar elke iepenstelling kin in oanfreger mar subsydzje krije foar ien projekt. Boekjierynstellings en ynstellingen dy't in mearjierrige subsydzje fan provinsje Fryslân ûntfange komme net yn oanmerking foar subsydzje. Ek wurdt gjin subsydzje jûn foar iepenloftspullen en foar produksjes dy't útfierd binne foardat de subsydzje-oanfraach yntsjinne is. Ta beslút jildt dat in projekt net yn oanmerking komt foar subsydzje, op basis fan dizze regeling, as al in provinsjale subsydzje krigen is foar it projekt. 

Kosten foar aktiviteiten rjochte op it (troch)ûntwikkeljen fan kultuer-edukatyf oanbod yn it basis - en middelber ûnderwiis binne net subsidiabel. 

Subsydzjeregeling

Subsydzjebedrach 

Oanfragen wurde op folchoarder fan binnenkomst beoardiele. Oanfragen dy't bûten de iepenstelde termyn yntsjinne wurde, wurde net yn behanneling nommen. 

Jo kinne op syn minst € 5.000, - en maksimaal € 24.999, - subsydzje oanfreegje. De hichte fan de subsydzje bedraacht maksimaal 50% fan de subsidiabele kosten. 

Subsydzje oanfreegje: hoe doch ik dit? 

Jo kinne fan 9 desimber 2025 ôf om 9:00 oere subsydzje oanfreegje fia it digitale oanfraachformulier. Dat formulier kinne jo fan dat momint ôf hjirûnder iepenje. 

Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach: 

  1. eHerkenning 2+
  2. Begrutting it brûken fan dit format is ferplichte
  3. Aktiviteiteplan (in oersjoch en omskriuwing fan de aktiviteiten dêr't subsydzje foar oanfrege wurdt (ekl. aktiviteiten op it mêd fan PR en marketing), maksimaal tsien siden yn minimaal lettergrutte 10 en regelôfstân 1,0, op A4 formaat, ynkl. eventuele ôfbyldingen)
  4. Marketingplan (in oersjoch fan de ynspanningen op it mêd fan PR en marketing en ûnderbouwing fan it boppelokaal belang (it doelpublyk omfettet ynwenners fan meardere gemeenten)
  5. Machtigingsformulier (allinnich as jo út namme fan in oar in oanfraach dogge). 

Hat jo stichting of feriening gjin eHerkenning? Jo kinne ek gebrûk meitsje fan jo eigen DigiD as machtige foar de oanfreegjende organisaasje. De oanfraach stiet dan op namme fan de organisaasje, mei jo as machtige. Dêrby moatte jo in machtigingsformulier en KvK úttreksel (en eventueel statuten) uploade. 

Slagget it jo net om it online oanfraachformulier yn te foljen, nim dan kontakt op mei it KCC telnr: 058 - 292 59 25. Sy sille jo fierder helpe mei it dwaan fan de oanfraach. 

Goed om te witten: Jo moatte de aktiviteit dêr't jo subsydzje foar krije, uterlik op 10 febrewaris 2027 folslein útfierd hawwe. 

Mear ynformaasje 

Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.