Op dit stuit fersoarget Arriva it busferfier yn Fryslân. Yn desimber 2022 is de oerbrêgingskonsesje úteinset. Dy rint oant desimber 2024. De bustsjinstregeling is te finen op de webside fan Arriva(eksterne keppeling).

Foar de perioade 2022 -2034 is de provinsje Fryslân úteinset mei in reguliere oanbesteging. Op dizze side fine jo alle ynformaasje oer de oanbesteging.

Oanbesteging busferfier 2021 -2034

Op 8 maart is de oanbesteging foar de buskonsesje 2020 -2034 úteinset. Op 26 oktober 2022 hawwe Provinsjale Steaten ynstimd mei de Nota fan Utgongspunten. Dy útgongspunten binne oerset yn it Ontwerp Programma van Eisen (Ontwerp PvE). Hjiryn stiet wat de provinsje as minimale easken stelt oan it busferfier yn Fryslân.

It Untwerp PvE hat fan 7 desimber 2022 o/m 20 jannewaris 2023 op besjen lein, wêrnei't alle yntsjinne reaksjes sammele en beoardiele binne. Yn de Reactienota wurdt beskreaun wêrom't in reaksje al of net ta in wiziging laat hat yn it definitive Programma van Eisen (definitive PvE). It definitive PvE - hjirûnder opnommen ûnder dokuminten - jout de minimale easken oan dêr't in ferfierder oan foldwaan moat yn de nije konsesje. It úteinlike oanbod fan de ferfierder kin dus wiidweidiger wêze as beskreaun yn dit dokumint.

Ferfolchproseduere

No't de oanbesteging begûn is hawwe ferfierders de mooglikheid om fragen yn te tsjinjen en harren yn te skriuwen. Nei it sluten fan de ynskriuwingen op de oanbesteging - heal july - fynt de beoardieling fan ynskriuwingen plak. Dêrnei wurdt yn oktober 2023 de foarriedige gunning bekend makke, wêrnei't de definitive gunning plak fynt yn desimber 2023.

Mei de definitive gunning is bekend hokker ferfierder yn de perioade 2022 -2034 oer de nije konsesje beskikt foar it busferfier yn Fryslân. De ferfierder hat nei de definitive gunning in jier ymplemintaasjetiid. Op 15 desimber 2024 sil de nije buskonsesje úteinsette.