Brêge Visvliet
Oannimmer De Boer & De Groot fan Harns wurket op it stuit oan de renovaasje fan brêge Visvliet. De wurksumheden ferrinne neffens planning. Der wurde betonreparaasjes útfierd, nij asfalt oanbrocht en de brêge krijt in nije fervelaach. Nei ferwachting binne de wurksumheden foar de simmerfakânsje klear. Dêrnei kin it ferkear wer gewoan gebrûk meitsje fan de provinsjale dyk N355.
Autoferkear
It autoferkear rydt op it stuit fia in bypass oer de noardlike brêge. Op freed 12 juny 2026 sette wy it ferkear werom nei de haadrydbaan op de súdlike brêge. Hjirmei ûntstiet de definitive ferkearssituaasje. Dêrnei helje we de bypass fuort.
By it ferwiderjen fan de bypass jilde de folgjende maatregels:
- 15 o/m 19 juny 2026 (wike 25)
Heale rydbaanôfsetting foar it ferwiderjen fan asfalt (ien dei dizze wike, eksakte datum noch ûnder foarbehâld). - 29 juny o / m 3 july 2026 (wike 27)
Heale rydbaanôfsetting foar it fuortheljen fan pún en it oanfoljen fan grûn ien dei dizze wike, eksakte datum noch ûnder foarbehâld). By dizze wurksumheden sette wy stopljochten yn.
Fytsers en fuotgongers
Fan moandei 8 juny oant en mei moandei 6 july 2026 jildt in omlieding foar fytsferkear. De omliedingsrûte wurdt oanjûn mei giele buorden. Nei ôfrûning fan it wurk kinne fytsers wer gebrûk meitsje fan it fytspaad.

Skipfeart
De brêge bliuwt tagonklik foar skipfeart. Oant 1 july 2026 is der sprake fan beheinde hinder, omdat mar ien trochfeart beskikber is.
Fragen?
Hawwe jo fragen oer it wurk? Nim dan kontakt op mei it klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân fia provincie@fryslan.frl of telefoanysk fan moandei o/m freed fia 058 – 292 59 25.