Bomenloket Fryslân iepen foar advys oer beammen en strûken
Bomenloket Fryslân is iepen. Ynwenners, stichtingen, ferieningen, agrariërs, gemeenten en oare grûneigeners kinne op Bomenloket.frl terjochte foar praktysk advys oer beammen en strûken dy't passe by harren lokaasje en it lânskip fan harren streek. Ek fine sy der ynformaasje oer subsydzjemooglikheden, oanplant en ûnderhâld. Dêrneist kinne sy fergees persoanlik bômadvys oanfreegje.
It Bomenloket is in oanfolling op de maatregels dy't de provinsje Fryslân útfiert binnen de Fryske beammen- en boskestrategy. Mei dizze strategy wurket de provinsje gear mei ynwenners, grûneigeners en organisaasjes oan mear beammen, bosk en lânskipseleminten yn Fryslân. It loket is yn opdracht fan de provinsje ûntwikkele en wurdt beheard troch Landschapsbeheer Friesland.
“Mei de Fryske beammen- en boskestrategy sette we op ferskate wizen yn op mear beammen en bosk, mear bioferskaat en in sterker Frysk lânskip”, seit deputearre Matthijs de Vries. “Dêrfoar stelle wy net allinnich subsydzje beskikber. Wy wolle minsken ek helpe om goede plannen te ûntwikkeljen en passende karren te meitsjen. It Bomenloket bringt praktyske kennis en persoanlik advys op ien plak byinoar. Dêrmei komme wy wer in stap tichter by ús doelen.”
Advys dat past by de streek
De klaai-, fean- en sângrûnen yn Fryslân freegje elk om oare beamme- en strûksoarten. Boppedat hat elke streek in eigen lânskip en skiednis. It Bomenloket helpt besikers dêrom net allinnich by de fraach hokker beammen en strûken goed groeie, mar ek hokker soarten en lânskipseleminten by de omjouwing passe. Tink oan erfbeplanting, hagen, hôven, houtwâlen, elzesingels, beammerigen en lytse boskjes.
Enit Scholtens, direkteur fan Landschapsbeheer Friesland, seit: “In beam dy't past by de boaiem en it lânskip hat mear wearde foar de biodiversiteit op dat plak. Op Bomenloket.frl kinne minsken sels in soad ynformaasje fine. Wa't in konkreet plan of in fraach oan ús saakkundigen hat, kin kontakt opnimme foar persoanlik advys.”
Underdiel fan in bredere oanpak
De Fryske beammen- en boskestrategy rjochtet him op it fêstlizzen fan CO₂ en it fersterkjen fan it bioferskaat en de kwaliteit fan it Fryske lânskip. Foar maatregels foar beammen en bosk is út it maatregelpakket Landelijk Gebied €15,8 miljoen beskikber.
De provinsje hat yn 2026 ferskate subsydzjes iepensteld foar de oanlis fan nij bosk, it ferbetterjen fan besteand bosk en it oanlizzen fan houtwâlen, singels, beammerigen en oare houtige lânskipseleminten. Dêrneist binne der aparte subsydzjemooglikheden foar agroforestry en 'voedselbossen'.
It Bomenloket is dêrop in praktyske oanfolling. It helpt inisjatyfnimmers om te ûntdekken hokker beplanting by harren lokaasje past en hokker mooglikheden der binne. De offisjele subsydzjebetingsten en ynformaasje oer it yntsjinjen fan in oanfraach stean op Subsydzje foar beammen, bosk en lânskip yn Fryslân.
Fergees beamadvys
Wa't in konkreet plan hat of in fraach foarlizze wol oan in saakkundige, kin fia Bomenloket.frl fergees persoanlik bômadvys oanfreegje.
It Bomenloket is ek te berikken fia bomenloket@landschapsbeheerfriesland.nl en 0512 - 38 38 00.