Yn de Algemiene subsydzjeoardering provinsje Fryslân is bepaald dat de provinsje op oanfraach in boekjiersubsydzje jaan kin. De basis foar it oanfreegjen fan dizze subsydzje leit yn de begrutting fan de provinsje Fryslân. In boekjiersubsydzje oanfreegje is allinnich mooglik as jo organisaasje neamd wurdt op de subsydzjesteat yn de provinsjale begrutting.

Wy jouwe boekjiersubsydzjes foar maksimaal fjouwer oaniensletten jierren.

Provinsjale Steaten (PS) stelle alle jierren yn novimber de begrutting mei in subsydzjesteat fêst.

Betingsten

De betingsten foar de subsydzjeferliening kinne jo fine yn Algemiene subsydzjeoardering provinsje Fryslân(eksterne keppeling).

Subsydzje oanfreegje

Hawwe jo in útnûging krige en wolle jo subsydzje oanfreegje? Meitsje dan gebrûk fan it oanfraachformulier boekjiersubsydzje. By de oanfraach hawwe jo de neikommende formulieren nedich:

  • Oanfraachformulier Boekjiersubsydzje (Word)
  • Format aktiviteiteplan Boekjiersubsydzje (Word)
  • Format organisaasjebegrutting, aktiviteitebegrutting en oersjoch formaasje Boekjiersubsydzje (Excel)

It oanfraachformulier ynklusyf de bylagen, krije jo tagelyk mei de útnûging.

It brûken fan it oanfraachformulier en de bylagen dy't dêrby hearre, binne ferplichte om jo oanfraach yn behanneling nimme te kinnen.

Stjoer jo ynfolle oanfraachformulier, mei de yn it oanfraachformulier neamde taheakken, mei de post op nei:

Deputearre Steaten fan de Provinsje Fryslân
O.f. ôfdieling Subsydzjes
Postbus 20120
8900 HM  LJOUWERT

Behanneling oanfraach

De wetlike behanneltermyn fan in subsydzje-oanfraach is 17 wike.

Wizigings

Wizigingen oangeande jo oanfraach moatte jo altyd trochjaan. Dit jildt foar feroaring fan aktiviteiten, rintiden en kosteferdieling. Dizze wizigingen moatte jo sa gau as mooglik oan ús melde, mar yn alle gefallen fjirtjin dagen neidat dat by jo bekend is. Foar fragen, nimme jo kontakt mei ús op fia subsidies@fryslan.frl of fia 058 - 292 59 25.