Beswier

De provinsje Fryslân nimt in soad besluten. It kin wêze dat jo it net iens binne mei in (skriftlik) beslút fan Provinsjale Steaten, Deputearre Steaten of de kommissaris fan Kening.

Bygelyks as:

  • jo it net iens binne mei it beslút op de oanfraach foar in fergunning of ûntheffing;
  • jo it net iens binne mei it beslút op jo oanfraach foar in subsydzje;
  • jo subsydzje werom betelje moatte;
  • jo in twingende maatregel (bestjoerstwang) oplein wurdt;
  • jo it net iens binne mei in beslút op in hanthaveningsfersyk.

Om beswier meitsje te kinnen moatte jo belanghawwende wêze. Jo binne belanghawwende as jo belang streekrjocht by it beslút behelle is.

Wat moat der yn it beswierskrift stean?

  • jo namme en adres (en mooglik telefoannûmer);
  • jo hantekening;
  • deitekening
  • omskriuwing, datum en skaaimerk/nûmer fan it beslút dêr’t jo beswier tsjin meitsje (jo kinne ek in kopy meistjoere);
  • de reden wêrom’t jo it net mei it beslút iens binne (de motivearring).

Hoe en wêr kinne jo it beswier yntsjinje?

Jo beswierskrift kinne jo yntsjinje:

  • mei ûndertekene brief oan Provinsje Fryslân, Postbus 20120, 8900 HM Ljouwert;
  • troch jo brief te skennen en te stjoeren oan provinsje@fryslan.frl (tink oan jo hantekening!).

Oan de behanneling fan in beswierskrift binne gjin kosten ferbûn.

Hoefolle tiid hawwe jo om beswier te meitsjen?

Jo moatte binnen seis wike beswier meitsje. De termyn begjint op de dei nei’t it beslút bekend makke is. Dat bart meastentiids troch it tastjoeren fan it beslút of troch de publikaasje fan it beslút yn in deiblêd of in hûs-oan-hûsblêd. As it beswierskrift te let is, wurdt it yn de measte gefallen net-ûntfanklik ferklearre. Dat betsjut dat net ynhâldlik op de beswieren yngien wurdt.

Slagget it net om binnen seis wike jo motivearring nei ús ta te stjoeren? Dan kinne jo earst in beswierskrift sûnder motivearring stjoere. Dat is in saneamd pro forma beswierskrift. Jo krije dan meastal fjouwer wike ekstra tiid foar jo motivearring.

Wêr kinne jo mei fragen telâne?

Foar fragen oer de proseduere kinne jo by it sekretariaat fan de Kommisje beswier- en beropskriften en klachten telâne:

Provinsje Fryslân
Sekretariaat Kommisje beswier- en beropskriften en klachten
Postbus 20120
8900 HM Ljouwert
Telefoannûmer 058 – 292 51 57
E-mail: bezwaar@fryslan.frl

Hoe wurket de beswierproseduere?

Wy besykje earst yn ‘e mande mei jo in oplossing te finen. Yn de measte gefallen sil in meiwurker fan de ôfdieling dy’t it beslút opsteld hat of in meiwurker fan it sekretariaat fan de Kommisje (telefoanysk) kontakt mei jo opnimme om te bepraten wat de bêste oanpak fan it beswierskrift is.

Slagget it net om binnen inkelde wiken nei jo tefredenens ta in oplossing te kommen? Dan giet it beswierskrift nei de ûnôfhinklike eksterne Kommisje foar beswier-, beropskriften en klachten. Yn hast alle gefallen wurde jo troch dy Kommisje heard. De Kommisje heart tagelyk ek mooglike oare belanghawwenden en de amtner(s) dy by it opstellen fan it beslút behelle binne. Foar de harksit yn it provinsjehûs krije jo in útnûging. Jo binne net ferplichte om nei de harksit te kommen. Nei de harksit jout de Kommisje in advys oan de provinsje oer it te nimmen beslút op it beswier. Mear ynformaasje oer de Kommisje en de harksit fine jo hjirûnder.

Ofhanneling fan jo beswierskrift

De provinsje moat jo beswierskrift  binnen 18 wike ôfhannelje. Yn guon gefallen kin dy termyn ferlinge wurde.

As jo it net iens binne mei it beslút op beswier, kinne jo yn berop gean by in gerjochtlike ynstânsje. Yn it beslút stiet by hokker rjochter jo berop ynstelle kinne en hoefolle tiid as jo dêrfoar hawwe.

Driuwend belang

It yntsjinjen fan in beswierskrift betsjut meastal net dat it beslút, dêr’t beswier tsjin makke is, net yngiet. As jo in driuwend belang hawwe om de wurking fan it beslút tsjin te hâlden, dan kinne jo in foarriedige foarsjenning by in gerjochtlike ynstânsje freegje. Meastal is dat de bestjoersrjochter of de foarsitter fan de Ofdieling bestjoersrjochtspraak fan de Ried fan Steat:

  • rjochtbank Noard-Nederlân, Ofdieling Bestjoersrjocht, Postbus 150, 9700 AD yn Grins;
  • Ofdieling bestjoersrjochtspraak fan de Ried fan Steat, Postbus 20019, 2500 EA De Haach.

Mear ynformaasje oer de proseduere fine jo hjir: Foarriedige foarsjenning(eksterne keppeling).

Tink derom:

  • jo kinne allinne in fersyk om in foarriedige foarsjenning yntsjinje, as jo ek in beswierskrift yntsjinne hawwe;
  • oan in fersyk om in foarriedige foarsjenning binne wol kosten (griffyrjocht) ferbûn.

De Kommisje en de harksit

De Kommisje foar beswier- en beropskriften en klachten is in troch provinsje ynstelde ûnôfhinklike Kommisje. De foarsitter en de leden wurkje net by of ûnder ferantwurdlikheid fan de provinsje.

De Kommisje advisearret Deputearre Steaten, Provinsjale Steaten of de kommissaris fan de Kening (dit is ôfhinklik fan wêr’t it beswier of de klacht oer giet) oer de behanneling fan it beswier of de klacht en oer it te nimmen beslút.

De Kommisje is neikomt gearstald:

  • de hear mr. J. Nijenhuis (voorzitter);
  • de hear mr. F.P. Dillingh (plv. voorzitter);
  • de hear mr. G.P. Wempe (plv. voorzitter);
  • de hear mr. P. Eringa;
  • de hear mr. M.M. Nicolai;
  • frou mr. dr. A. Outhuijse;
  • de hear F.A. Tuininga;
  • frou mr. A. de Boer-van der Schaaf;
  • de hear mr. D.M. de Calonne;
  • frou mr. M.E. van der Helm;
  • de hear mr. P. Stehouwer.

Harksit

Yn de measte gefallen wurdt in harksit hâlden foar de behanneling fan it beswier of de klacht. Jo binne lykwols net ferplichte om te kommen. Jo meie altyd in tsjûge, in saakkundige of in adviseur nei de sitting meinimme. Jo kinne jo ek troch in abbekaat bystean litte.

De Kommisje hat yn ’t foar alle stikken yn it beswier- of klachtedossier lêzen. Dêrom hoege jo op de harksit jo stânpunten net mear te werheljen. Yn de sitting sil de Kommisje faak fragen stelle oer de feiten en de skeelpunten.

Wa is der oanwêzich?

Op de sitting binne oanwêzich:

  • de foarsitter
  • twa leden fan de Kommisje
  • in amtlik sekretaris
  • de by it beswier- of klachtedossier behelle amtners fan de provinsje.

Dêrneist kinne der ek ynteressearren of sjoernalisten oanwêzich wêze. De harksit is iepenbier, of  it moat wêze dat der in goede reden is om de harksit efter sletten doarren te hâlden.

De regels dêr’t de Kommisje him oan hâlde moat binne te finen yn de Algemene wet bestuursrecht en de Procedureverordening bezwaar, beroep en klachten provincie Fryslân 2020(eksterne keppeling).

Advys en beslút

De Kommisje bringt it advys út oan Deputearre Steaten, Provinsjale Steaten of de kommissaris fan de Kening. De yntsjinner(s) fan it beswier of de klacht en de mooglike tredde belanghawwenden krije dêr ek in ôfskrift fan.
Oan ‘e hân dêrfan nimme Deputearre Steaten, Provinsjale Steaten of de kommissaris fan de Kening in beslút op beswier of in beslút op de klacht. As it advys fan de Kommisje net folge wurdt, wurdt yn it beslút motivearre wêrom’t dat sa is.

Klachten

De provinsje Fryslân besiket har taken goed út te fieren. Dochs kin it wêze dat jo net tefreden binne oer de wize wêrop’t jo behannele binne.
Jo klacht kin bygelyks gean oer:

  • de wize wêrop’t in amtner of in bestjoerder him yn in beskate kwestje hâlden en droegen hat;
  • it net neikommen fan tasizzings;
  • it jaan fan ferkearde of net folsleine ynformaasje of it hielendal net jaan fan ynformaasje;
  • it net serieus nimmen fan jo fersyk of jo fraach.

In klacht hoecht net yn behanneling nommen te wurden as:

  • de klacht al earder neffens de provinsjale klachteregeling behannele is;
  • it hâlden en dragen dêr’t it oer giet langer as in jier lyn west hat;
  • it giet oer hâlden en dragen dêr’t beswier of berop tsjin ynsteld wurde kin.

Wat moat der yn de klacht stean?

  • jo namme en adres (en mooglik telefoannûmer);
  • jo hantekening
  • deitekening
  • in omskriuwing fan it hâlden en dragen dêr’t jo oer kleie.

Hoe en wêr kinne jo de klacht yntsjinje?

Jo klacht kinne jo yntsjinje:

  • mei ûndertekene brief oan Provinsje Fryslân, Postbus 20120, 8900 HM Ljouwert;
  • troch jo brief te skennen en te stjoeren oan provinsje@fryslan.frl (tink oan jo hantekening!).

Oan de behanneling fan in klacht binne gjin kosten ferbûn.

Wêr kinne jo mei fragen telâne?

Foar fragen oer de proseduere kinne jo by it sekretariaat fan de Kommisje beswier- en beropskriften en klachten telâne:

Provinsje Fryslân
Sekretariaat Kommisje beswier- en beropskriften en klachten
Postbus 20120
8900 HM Ljouwert
Telefoannûmer 058 - 292 51 57
E-mail provincie@fryslan.frl
Faksnûmer 058 – 292 51 25

Hoe wurket de klachteproseduere?

Wy besykje earst yn ‘e mande mei jo in oplossing te finen. Slagget dat net binnen trije wike nei jo tefredenens? Dan giet jo klacht nei de ûnôfhinklike eksterne Kommisje foar beswier-, beropskriften en klachten.

As jo dêr priis op stelle, dan wurde jo troch dy Kommisje heard. De Kommisje heart tagelyk ek de by de klacht behelle amtner(s) of bestjoerder(s). Foar de harksit yn it provinsjehûs krije jo in útnûging. Nei de harksit jout de Kommisje in advys oan de provinsje oer it te nimmen beslút op de klacht.

Mear ynformaasje oer de Kommisje en de harksit fine jo hjirboppe.

Ofhanneling fan jo klacht

De provinsje moat jo klacht binnen 14 wike ôfhannelje. Yn guon gefallen kin dy termyn ferlinge wurde.

As jo net tefreden binne mei it beslút fan de provinsje dan kinne jo jo ta de Nationale Ombudsman rjochtsje. Sjoch foar mear ynformaasje op www.nationaleombudsman.nl(eksterne keppeling).

De Wet Dwangsom bij niet tijdig beslissen

Sûnt 1 oktober 2009 is de Wet dwangsom en beroep bij niet tijdig beslissen fan krêft. De wet is bedoeld om derfoar te soargjen dat oerheden, lykas provinsjes, gemeenten en wetterskippen sa gau mooglik beslute oer jo oanfragen en beswierskriften.

Jo fine hjir(eksterne keppeling) mear ynformaasje oer de Wet Dwangsom bij niet tijdig beslissen.