Wat sille it Ryk en provinsje Fryslân de kommende fiif jier dwaan om de Fryske taal en kultuer te befoarderjen? Dit stiet yn ‘e Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2019 – 2023 (BFTK). Minister van Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes drs. K.H. Ollongren en Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok ûndertekenen de ôfspraken op freed 30 novimber yn it taalbelibbingssintrum Obe yn Ljouwert. Dizze BFTK is de fyfde bestjoersôfspraak sûnt de earste bestjoersôfspraak yn 1989 ta stân kaam.

Minister Ollongren met commissaris van de Koning Brok en gedeputeerde Poepjes met ondertekende bestuursafspraak
Minister Ollongren, Kommissaris fan de Kening Brok en deputearre Poepjes by ûndertekening

Mei de ûndertekening fan de BFTK jouwe it Ryk en de provinsje ynfolling oan de Wet gebrûk Fryske taal. De ôfspraken binne basearre op it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden. Doelstelling is in tanimming fan it tal persoanen dat de Fryske taal skriuwt, lêst en praat. De provinsje hat as Taalskipper in wichtige rol by de útfiering fan de ôfspraken.

Frysk yn it ûnderwiis

Ien fan de grutste útdagings is it fuortsterkjen fan it Frysk yn it ûnderwiis. Alle skoallen yn it Fryske taalgebiet moatte yn 2030 foldwaan oan de kearndoelen foar it Frysk. De ôfspraken yn de bestjoersôfspraak soargje foar de rânebetingsten om dit mooglik te meitsjen. Goed lesmateriaal, ûnderwiisbegelieding, oplate dosinten en foarljochting binne hjirby ûnmisber. Foar it Frysk op universitêr nivo jout it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes in jierlikse bydrage fan € 110.000 foar de Learstoel Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins.

Sichtberens en gebrûk Frysk

Provinsje likegoed as Ryk sette harren yn om de sichtberens fan it Frysk te fergrutsjen. Bygelyks yn de iepenbiere romte op paadwiisbuorden mar ek by keunst- en kultuerprojekten. De BFTK foarmet, njonken it ûnderwiis, de basis fan it belied foar rjochtspraak, media, soarch en kultuer. Sa steane yn de bestjoersôfspraak ôfspraken oer it gebrûk fan it Frysk by de plysje, belestingtsjinst, gemeenten en oare oerheidsorganisaasjes. Mar ek oer it gebrûk fan it Frysk yn de soarch lykas yn sikehûzen, by de húsdokter of yn ‘e thússoarch.

Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.