Bestjoerlike organisaasje en kwaliteit lokaal bestjoer
De provinsje is mei ferantwurdlik foar it boargjen fan de kwaliteit fan it lokaal bestjoer. It giet der dan benammen om dat gemeenten no en yn de takomst op adekwate wize harren wetlike en autonome taken, harren ambysjes en de tsjinstferliening oan harren ynwenners útfiere kinne. Oftewol, gemeenten moatte genôch bestjoerskrêft hawwe. Grif no’t de ryksoerheid de gemeenten hieltyd mear taken en ferantwurdlikheden jout is in takomstbestendige bestjoerlike ynrjochting tige wichtich.
Klik op ûndersteande ôfbylding/link foar in gruttere ferzje fan de ôfbylding yn pdf.
Yn ‘e mande mei de 18 Fryske gemeenten en de Vereniging van Friese Gemeenten (VFG) wurket de provinsje oan in krêftich en takomstbestendich lokaal bestjoer.
Dit docht de provinsje ûnder oare troch:
- Tapassen grinskorreksjes
- Stypjen en fasilitearjen gemeentlike weryndielings
- Tapassen finansjeel en ynterbestjoerlik tafersjoch
- Boargemastersbeneamings (taak Kommissaris fan de Kening)
In proseduere foar it ta stân bringen fan in grinskorreksje of in gemeentlike weryndieling bart op grûn fan de Wet algemiene regels weryndieling (Wet arhi). De toetsing fan in weryndielingsútstel bart op basis fan de kriteariums út it Beliedsramt gemeentlike weryndieling (sjoch it oersjoch fan del te laden dokuminten).
Njonken de relaasje ta it lokaal bestjoer set de provinsje Fryslân har ek yn foar de belangebehertiging yn 'e mande mei de oare provinsjes yn it Interprovinciaal Overleg (IPO) en mei Grinslân en Drinte yn it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN).
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.