Beslutelist Deputearre Steaten 9 juny 2026
1. Provinsje sjocht nei bydrage oan behâld haven en kade Skylge
Deputearre Steaten hawwe de yntinsje útsprutsen om in bydrage fan €5 miljoen foar ien kear beskikber te stellen foar de oanpak fan de kadeproblematyk op Skylge. De bydrage is bedoeld om de Willem Barentszkade en de haven tagonklik en feilich te hâlden. Ofsluting fan de kade soe grutte gefolgen hawwe foar it iepenbier ferfier, de befoarrieding, it toerisme en de leefberens fan it eilân. De bydrage wurdt foarsteld ûnder foarbehâld fan ynstimming troch Provinsjale Steaten by de Bestjoersrapportaazje 2026.
2. Fergrutting slachkrêft tsjin ûndermynjende kriminaliteit
De provinsje krijt fan it ministearje fan Binnenlandse Zaken oant en mei 2029 jierliks sa'n €136.000,- om Fryske gemeenten te stypjen by it fersterkjen fan harren wearberens en de oanpak fan ûndermynjende kriminaliteit. It jild is foar de gemeenten mei-inoar en wurdt ynset foar it fergrutsjen fan de wearberens tsjin radikalisearring, ekstremisme en bedrigingen fan bestjoerders en amtners, in subsydzjeregeling wêrmei't gemeenten stipe krije kinne en it fersterkjen fan gearwurking. It is foar it earst dat foar meardere jierren dúdlikens is oer de beskikberens fan it jild, dat bedoeld is as rjochte ympuls en net foar strukturele útwreiding fan kapasiteit. Undermyning is kriminaliteit wêrby't ûnder- en boppewrâld mei-inoar ferweve reitsje, bygelyks trochdat kriminelen misbrûk meitsje fan legale bedriuwen, fergunningen of oerheidsfoarsjennings. Yn Fryslân wurkje oerheden en oare ynstânsjes nau gear by de bestriding. Boargemasters Van de Nadort fan Waadhoeke en Haga fan Dantumadiel koördinearje de oanpak.