Beslutelist Deputearre Steaten 8 septimber 2026

1. Referendumferoardering Provinsje Fryslân 2026 

Op inisjatyf fan FVD, PVV en BBB hawwe Provinsjale Steaten yn 2024 besletten om de hjoeddeistige referindumferoardering op in oantal punten feroarje te wollen, mei as eachpunt om in referindum tagonkliker te meitsjen. Deputearre Steaten hawwe de Referendumferoardening Provinsje Fryslân 2026 fêststeld en biede dat ta besprek oan PS oan. Foar wat de stimproseduere oanbelanget de keppeling mei Kieswet loslitten, wêrmei't it stimproses yngripend wizige is. PS hat frege om by de tarieding fan it ûntwerp mei klam te foarsjen yn in toets op útfierberens (digitalisearring, kosten en kapasiteit) by de gemeenten.

2. Wiziging wetterwingebiet Noardburgum en wetterwin- en grûnwetterbeskermingsgebiet Flylân 

De begrinzing fan de wetterwingebieten moat oanpast wurde, omdat de winfjilden op Flylân en yn Noardburgum útwreide binne en de lizzing fan de winputten dêrtroch wizige is. De oanpassingen binne nedich om de drinkwetterwinning takomstbestindich te hâlden, ferstopping fan putten te behearskjen en de libbensdoer fan besteande winputten te ferlingjen, sûnder dat der mear grûnwetter ûntlutsen wurdt. It ûntwerpbeslút, de taljochting en de byhearrende kaarten wurde seis wiken lang op besjen lein. As der sjenswizen yntsjinne binne, wurde dy nei ôfrin fan de termyn beoardiele en wurdt in antwurdnota opsteld. Deputearre Steaten stelle dêrnei it wizigingsbeslút fêst. Nei fêststelling wurdt it wizigingsbeslút publisearre en ferwurke as wiziging fan de Omgevingsverordening.

3. Winner earste Tiny Mulderpriis 

De nije Tiny Mulderpriis wurdt dit jier takend oan Rymke Zijlstra foar har boek ‘It geheim fan Gurja’. De priis bestiet út €4.000,- en in oarkonde en wurdt op freed 30 oktober útrikt troch deputearre Eke Folkerts. De priis is neamd nei skriuwster, dichteres, sjoernaliste en oersetster Tiny Mulder (1921-2010), dy’t in grutte bydrage levere oan de Fryske literatuer én berneliteratuer. In earfolle fermelding giet nei in foarlêsboek ‘It bijeboek’, oerset troch Ytsje Steen.

4. Ferheging subsydzjeplafond regeling Lesoeren Frysk 

Deputearre Steaten hawwe besletten it subsydzjeplafond foar de regeling Lesoeren Frysk te ferheegjen mei €142.000,- nei €342.000,-. Der binne dit jier mear oanfragen fan skoallen yn it fuortset ûnderwiis ynkommen as ferwachte. Yn totaal binne 21 oanfragen dien, wylst rekken hâlden wie mei 15 oanfragen. Mei de ferheging kinne alle oanfragen honorearre wurde en kinne skoallen it Frysk yn mear learjierren oanbiede. Dêrmei draacht de regeling by oan in trochgeande learline foar de Fryske taal yn it ûnderwiis.