Beslutelist Deputearre Steaten 7 oktober 2025
1. Gebietsrjochte Beëindiging Veehouderijlocaties: SPUK L 36 fuortgong en oanfraach twadde batch
Deputearre Steaten hawwe besletten in twadde oanfraach fan € 2,7 miljoen yn te tsjinjen by it Ryk foar de regeling Gebiedsgerichte Beëindiging fan Veehouderijlocaties. Earder krige de provinsje al € 9,9 miljoen. Dêrmei komt it totale budzjet op goed € 12,6 miljoen. De regeling is bedoeld feehâlders dy't frijwillich ophâlde wolle. Dêr is belangstelling foar. Mei dy ekstra middels kin Fryslân mear ûndernimmers stypje en better ynspylje op de fraach.
2. Finansjele bydrage provinsje oan Keningsdei Dokkum 2026
De provinsje lûkt maksimaal € 1.5 miljoen út foar de organisaasje fan Keningsdei 2026 yn Dokkum. Deputearre Steaten hawwe dit prinsipebeslút naam ûnder de betingst dat de kosten gelyk dield wurde mei de gemeente Noardeast-Fryslân en dat Provinsjale Steaten de middels definityf goedkarre. Syn Majesteit de Koning, tegearre mei it Keninklik gesin en leden fan de Keninklike famylje, sil op 27 april 2026 oanwêzich wêze by de festiviteiten yn Dokkum.