Beslutelist Deputearre Steaten 30 juny 2026

1. Suksesfolle pilot: mei de trein nei Thialf blykt skot yn de roas 

De tydlike weriepening fan stasjon Heerenveen IJsstadion by it NK en WK allround en sprint ôfrûne winter is in grut sukses wurden. Mar leafst 12 prosint fan alle besikers keas foar de trein nei Thialf, krekt de doelstelling dy't foarôf steld wie. In moai resultaat, seker no't Thialf de lokaasje is foar it olympysk langebaanriden yn 2030. De sifers it belang fan in sterke OV-ferbining nei grutte sporteveneminten. De proef smakket dan ek nei mear: belutsen partijen sjogge hjirtroch kânsen om de trein by takomstige eveneminten opnij yn te setten, en wurkje oan in strukturele weromkear fan de treinstop by grutte reedrydmominten op It Hearrenfean.

Documenten Friese Bomen-en bossenstrategie

2. Oanbieding IPO-foarstel nij ferdielmodel provinsjefûns oan fûnsbehearders 

Nei in tuskenstap yn 2026 leit der in definityf foarstel foar in nije ferdieling fan it provinsjefûns. Dit unanime foarstel is op 23 juny fêststeld troch de tolve Kolleezjes fan DS yn it IPO-bestjoer en oanbean oan de fûnsbehearders. It IPO hat in yndikative berekkening makke wat it effekt op de algemiene útkearing provinsjefûns is op basis fan it foarstel foar nij ferdielmodel provinsjefûns. Foar de provinsje Fryslân is dat berekkene op in strukturele plus fan €35 mln. Hjirfan is yn 2026 al €10,6 mln. as tuskenstap ûntfongen. Dizze tuskenstap is al yn de provinsjale begrutting ferwurke. Yn 2027 is de ferwachting €4,4 mln. derby, yn 2028 €16,5 mln. en as lêste tranche yn 2029 €4,5 mln. De neamde bedragen binne yndikatyf, omdat de fûnsbehearders noch akkoart gean moatte mei it útstel út it IPO wei.

3. Ferlinging EuropaPact 

Deputearre Steaten hawwe besletten om de dielname fan de provinsje oan EuropaPact Fryslân yn prinsipe te ferlingjen foar de perioade 2028-2034. Ek wol de provinsje it penfierderskip foar dit gearwurkingsferbân trochsette. EuropaPact Fryslân helpt Fryske bedriuwen, gemeenten, kennisynstellings en maatskiplike organisaasjes by it ûntwikkeljen fan sterke Europeeske subsydzje-oanfragen. Nei de ynventarisaasje ûnder de hjoeddeiske dielnimmers wurdt in nije gearwurkingsoerienkomst útwurke, dy't yn 2027 ta beslútfoarming foarlein wurdt.

4. Iepenstelling Iepen Mienskipsfûns 

It Iepen Mienskipsfûns wurdt wer iepensteld fan moandei 14 septimber om 9.00 oere oant en mei tongersdei 8 oktober 2026 om 17.00 oere. Foar dizze twadde iepenstelling yn 2026 is mei-inoar €1.572.300,- beskikber. Mei it Iepen Mienskipsfûns stipet de provinsje inisjativen fan ynwenners, ferieningen en organisaasjes dy’t bydrage oan de leefberens en de mienskip yn Fryslân. Subsydzje kin oanfrege wurde yn de kategoryen Lyts en Grut; it beskikbere budzjet wurdt ferdield oer de fiif IMF-gebieten.