Beslutelist Deputearre Steaten 29 septimber 2026

1. Begrutting 2027

It kolleezje hat ynstimd mei de Begrutting 2027. Yn dizze begrutting binne de ambysjes út it bestjoersakkoart ‘Oparbeidzje foar Fryslân’ en de rjochting dy’t Provinsjale Steaten by de Ramtnota 2027 meijûn hawwe fierder ferwurke. De totale útjeften yn 2027 binne €675 miljoen. Troch it solide finansjele belied fan de ôfrûne jierren en de positive ûntwikkelingen yn it Provinciefonds is der romte foar nije foarstellen en ynvestearrings. Yn 2027 set de provinsje ûnder oare yn op ferkearsfeiligens, wetter en boaiem, sirkulariteit, de oanpak fan ûndermyning, basisfeardichheden, religieus erfgoed en grutte eveneminten. Dêrmei bliuwt de provinsje wurkjen oan de brede wolfeart en in sterk en takomstbestindich Fryslân. 

2. Provinsje stipet Drinte yn berop winningsplan Eesveen 

It ministearje fan Klimaat en Groene Groei hat op 20 augustus it definitive ynstimmingsbeslút tegearre mei de Nota fan Antoord fan winningsplan Eesveen publisearre. It winningsplan Eesveen makket it mooglik dat de besteande 2 produksjeputten útwreide wurde nei 4 putten. De boaiemdelgong fan de gasfjilden Eesveen leit foar in lyts part yn Frysk grûngebiet. Provinsje Drinte giet yn berop tsjin it ynstimmingsbeslút. Fryslân sprekt stipe út foar it troch de provinsje Drinte ynstelde berop.