Beslutelist Deputearre Steaten 27 oktober 2026
1. Untwerp Frysk Wenplan (provinsjaal folkshúsfestingsprogramma)
Hjoed hat it kolleezje fan DS it ûntwerp Frysk Wenplan fêststeld. Mei de Wet versterking regie volkshuisvesting hat de provinsje sûnt dit jier in dúdlikere rol yn de folkshúsfêsting en dit plan is ús Fryske ynfolling dêrfan. Yn it plan lizze wy fêst hoefolle wenningen oft der yn Fryslân nedich binne, foar wa't boud wurdt en wat de provinsje sels docht om mei gemeenten, korporaasjes, merkpartijen en ynwenners genôch betelbere en passende wenningen te realisearjen. Wy sette dêrby foaral yn op fersnellen. Dat dogge wy troch partijen byinoar te bringen, de gearwurking te fersterkjen en ûnnedige fertraging foar te kommen, sadat der flugger en mear betelber boud wurde kin. It plan is yn oparbeidzjen mei ynwenners, gemeenten, korporaasjes en merkpartijen ta stân kaam. It ûntwerp leit fan 30 oktober oant en mei 10 desimber ta besjen. Yn dy perioade kin elkenien in sjenswize yntsjinje.
2. Trein stopt dizze winter opnij op by Thialf by fjouwer reedrydeveneminten
Ek dizze winter kinne besikers mei fjouwer grutte reedrydeveneminten mei de trein nei Thialf reizgje. De provinsje Fryslân hat besletten om in ferfolch te jaan oan de suksesfolle pilot dy't ek ferline jier hâlden waard. De Sprinter tusken Ljouwert en Zwolle sil dêrom mei fjouwer grutte reedrydeveneminten stilhâlde by stasjon Heerenveen IJsstadion. It giet om de World Cup (4 o/m 6 desimber 2026), it NK sprint en Allround (27 en 28 desimber 2026), it EK sprint en Allround (8 o/m 10 jannewaris 2027) en it NK Ofstannen (22 o/m 24 jannewaris 2027).
3. Subsydzjeregeling feekeuringen provinsje Fryslân
Hjoed hat it kolleezje fan DS de subsydzjeregeling Feekeuringen Provinsje Fryslân fêststeld. Dêrmei stypje wy organisatoaren fan feekeuringen foar grutte lânbouhúsdieren. Foar 2026 en 2027 stelle wy mei-inoar €50.000,- euro beskikber. Feekeuringen hearre by Fryslân en by ús agraryske tradysjes. It binne plakken dêr't boeren har bisten sjen litte, kennis útwikselje en harren fakmanskip sjen litte. Mei dizze regeling jouwe wy organisatoaren in steuntsje yn de rêch. De bydrage is foar elk evenemint op syn meast € 10.000,-. Sa helpe wy dizze eveneminten yn stân te hâlden en hâlde wy ús agrarysk erfgoed libben. De regeling is iepen foar oanfragen fan 5 novimber 2026 oant en mei 30 juny 2027.