Beslutelist Deputearre Steaten 26 maaie 2026

1. Taalatlas 2026

Ut de nije Taalatlas en de taalsurvey ‘Taal yn Fryslân: In nije koers’ docht bliken dat de posysje fan it Frysk yn Fryslân oer it algemien stabyl bliuwt en stevich ferankere is yn de Fryske mienskip. Yn 2025 jout goed 85 prosint fan de ynwenners oan it Frysk goed oant tige goed ferstean te kinnen en begrypt 95 persint de taal op syn minst ridlik goed. Ek kin goed twatredde fan de Friezen de taal goed prate. Tagelyk nimme de lês- en skriuwfeardichheden ta: yntusken kin 58 prosint fan de ynwenners it Frysk goed oant tige goed lêze, tsjinoer 46 prosint yn 2007, en ek it tal minsken dat goed Frysk skriuwe kin groeit. It brûken fan it Frysk as wichtichste omgongstaal mei de partner ûnder ynwenners yn Fryslân lit dêrfoaroer in delgeande trend sjen. It Frysk wurdt it meast binnen húshâldingen praat. De ûndersiken biede wichtige ynsichten foar it provinsjale taalbelied en litte sjen dat ynwenners sawol harsels as de oerheid ferantwurdlik achtsje foar it behâld fan de Fryske taal.