Beslutelist Deputearre Steaten 25 novimber 2025
1. Treinstop by Thialf op NK en WK reedriden
Besikers fan it NK en WK yn Thialf kinne yn de maitiid fan 2026 ek útstappe op treinstasjon Thialf. It giet dan om it NK Allround & Sprint fan 28 febrewaris o/m 1 maart, en it WK Allround & Sprint fan 5 o/m 8 maart. Ut ûndersyk fan de provinsje Fryslân hat bliken dien dat in evenemintehalte by it stasjon technysk en organisatoarysk helber is. De belutsen partijen - provinsje Fryslân, gemeente Hearrenfean en Thialf - hawwe besletten om hjirfoar jild frij te meitsjen en om mei de NS en de KNSB in pilot te draaien by de kommende eveneminten. Sa krije besikers in duorsumer en flugger alternatyf bieden om it iisstadion te berikken as mei de auto. Op basis fan de útkomsten fan de pilot sil sjoen wurde oft der yn de takomst faker stoppe wurde kin by stasjon Thialf op It Hearrenfean.
2. Zoutwinning Harlingen
Frisia Zout hat in nij plan yntsjinne foar de sâltwinning ûnder de Waadsee, yn it gebiet ‘Havenmond’ ten westen fan Harns. Yn dit oanpaste plan binne in saken feroare neffens it foarige winningsplan: it plak dêr't se winne wolle is oars, se wolle mear sâlt en de planning is oanpast. Provinsje Fryslân jout in negatyf advys oan it ministearje fan Klimaat en Groene Groei op dit winningsplan.