Beslutelist Deputearre Steaten 25 augustus 2026

1. Ferlinging subsydzjeregeling Provinciale plus lokale aanpak isolatie

Deputearre Steaten hawwe besletten de subsydzjeregeling Provinciale plus lokale aanpak isolatie te ferlingjen oant en mei 31 desimber 2027. De regeling is bedoeld foar Fryske hûseigeners mei in leech ynkommen en in min isolearre wenning. Sy kinne maksimaal €2.500,- provinsjale subsydzje krije, boppe-op de bydrage fan harren gemeente. De subsydzje kin brûkt wurde foar maatregels lykas dak-, muorre- en flierisolaasje en it ferfangen fan ruten. Oanfreegje kin fia it Duurzaam Bouwloket, salang't der binnen de oanbelangjende gemeente provinsjaal budzjet beskikber is.