Beslutelist Deputearre Steaten 24 novimber 2026

1. Takomst Fryske spoar: fan disel nei batterij 

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe ynstimd mei de Nota van Uitgangspunten foar it regionale treinferfier fan 2035 ôf. Yn dizze nota steane de wichtichste ôfspraken en easken foar it treinferfier yn de perioade 2035–2050. Sa wol de provinsje Fryslân it hjoeddeistige tal treinritten behâlde en oerstappe fan diseltreinen nei batterij-elektryske treinen. Dizze treinen lade op fia koarte stikken boppelieding en ride de rest fan de rûte op batterijen. Ut ûndersyk docht bliken dat dit op de lange termyn de meast foardielige oplossing is. Provinsjale Steaten beprate de nota op 27 jannewaris 2027. Dêrnei wurkje de provinsjes de easken foar de takomstige ferfierder fierder út.

2. Fryslân hellet doel om €130 miljoen Europeesk jild binnen te heljen 

It Europapact Fryslân hat ûndersykje litten hoefolle EU-subsydzjes yn de perioade 2021–2026 yn Fryslân lâne binne. De EU-monitor wiist út dat Fryslân de himsels stelde doelstelling om op syn minst €130 miljoen út ‘Brussel’ binnen te heljen yn de perioade 2021–2027 de medio 2026 al helle hat. Oant 1 septimber is likernôch €146 miljoen oan EU-subsydzjes binnenhelle. Dit bedrach liedt ta in totale ynvestearringsympuls fan €282,4 miljoen. Dat liedt ta in multiplier fan 1,93.