Beslutelist Deputearre Steaten 22 septimber 2026

1. Fêststellen iepenstellingsbeslút Groen Blauwe Dooradering Súdeast-Fryslân

It kolleezje fan Deputearre Steaten hat hjoed it iepenstellingsbeslút foar ‘groenblauwe dooradering’ yn Súdeast-Fryslân fêststeld. Dêrfoar stelle wy €890.000,- beskikber. De regeling is bedoeld foar gebietsrjochte projekten op en om fiif Natura 2000-gebieten hinne. It giet bygelyks om de oanlis en it werstel fan houtwâlen, singels, puollen, krûderike gerslânrânen en histoaryske wettergongen. Dêrmei fersterkje wy it bioferskaat, ferbine wy natuergebieten en drage wy by oan in takomstbestindige lânbou en in oantreklik Frysk lânskip. Agraryske kollektiven, lânbou-organisaasjes, organisaasjes foar lânskipsbehear en gearwurkingsferbannen fan lânbouwers kinne fan 5 oktober 2026 oant en mei 23 oktober 2026 om 17.00 oere in oanfraach yntsjinje fia it webportaal fan SNN.