Beslutelist Deputearre Steaten 20 oktober 2026

1. Iepenstelling Kennisverspreiding en Informatie GLB 2026

Hjoed hat it kolleezje fan DS besletten om ien miljoen euro beskikber te stellen foar it dielen en tapassen fan kennis yn de Fryske lânbou. Mei dizze subsydzjeregeling stypje wy kennisaktiviteiten lykas trainingen, workshops en demonstraasjes, wêrby't lânbouwers nije ynsichten opdogge en praktykûnderfining útwikselje. Der is al in soad kennis beskikber oer ûnderwerpen lykas duorsum ûndernimmerskip, boaiem, wetter en bioferskaat. Mei dizze regeling wolle wy derfoar soargje dat dy kennis ek yndie op it boerehiem telâne komt en yn de praktyk tapast wurde kin. Sa helpe wy Fryske lânbouwers om harren bedriuwsfiering fierder te ûntwikkeljen en drage wy by oan in ekonomysk sterke en takomstbestindige lânbou yn Fryslân. Kennisoanbieders kinne fan 2 novimber 2026 ôf subsydzje oanfreegje fia it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN). De iepenstelling rint oant en mei 7 jannewaris 2027.

2. Partisipaasjeferoardering

DS stelle Provinsjale Steaten foar om op 16 desimber 2026 de Participatieverordening Provincie Fryslân fêst te stellen. Dêrmei foldocht de provinsje oan de Wet versterking participatie op decentraal niveau, dy't foar 31 desimber 2026 in feroardering ferplichte stelt. De feroardering jout juridyske boarging oan it partisipaasjebelied út 2023 en ferfangt de Inspraakverordening út 1989. De feroardering leit fêst hoe't de provinsje ynwenners en oare belanghawwenden belûkt by har belied en hoe't hja dêroer efterôf ferantwurding ôfleit. Ynwenners en maatskiplike partijen kinne dêrtroch meitinke oer provinsjaal belied en de provinsje freegje om provinsjale taken mei-inoar út te fieren. Deputearre Steaten evaluearje de feroardering binnen fjouwer jier nei ynwurkingtreding.