Beslutelist Deputearre Steaten 2 juny 2026

1. Nije jierberjocht Guozzen 2024-2025 fêststeld 

It kolleezje fan Deputearre Steaten hat ynstimd mei it nije Jaarbericht Ganzen 2024-2025. It jierberjocht lit sjen dat sawol it tal guozzen as de guozzeskea yn Fryslân opnij omheech gien binne. Dit is it earste seizoen ûnder it nije guozzebelied, dat ynset op minder skea troch trekguozzen en in yntinsivere oanpak fan standguozzen. Hoewol't de effekten fan it belied noch net direkt sichtber binne, binne wichtige maatregels ûnderwilens útfierd. Sa binne in guozzekoördinator oansteld, is der in nij faunabehearplan fêststeld, binne der regels oanpast om skeabestriding ienfâldiger te meitsjen en is it eigen risiko by guozzeskea ferlege. De provinsje ferwachtet dat de effekten fan it nije belied de kommende jierren mear sichtber wurde.