Beslutelist Deputearre Steaten 2 desimber 2025
1. Plan fan oanpak Natuur Netwerk Nederland (NNN)
De provinsje Fryslân hat - op fersyk fan Provinsjale Steaten - in plan fan oanpak makke foar it realisearjen fan it restearjende part fan it Natuurnetwerk Nederland (NNN) yn Fryslân. Om it restearjende part fan it NNN te realisearjen wurdt mei it plan beëage om foaral yn te setten op it fersterkjen fan de grûnstrategy fan de provinsje en op it herbegrinzen fan it NNN. It kolleezje stribbet dêrmei nei de ynrjochting fan 2000 bunder yn 2027 en in folsleine ôfrûning fan it NNN 2035. It plan moat noch foarlein wurde oan Provinsjale Steaten, begjin 2026.