Beslutelist Deputearre Steaten 18 novimber 2025

1. Subsydzjeregeling iepenbier ferfier foar ferbetterjen tagonklikens bushaltes

It kolleezje fan Deputearre Steaten hat de nije subsydzjeregeling iepenbier ferfier Fryslân 2026 fêststeld. Dat as ferfanging fan de hjoeddeiske regeling. Mei dizze subsydzjeregeling kinne bushaltes tagonkliker makke wurde foar ynwenners dy't minder mobyl binne. Dêrmei kinne Fryske gemeenten de motoaryske en fisuele tagonklikens fan harren bushaltes ferbetterje. De subsydzjeregeling treedt 1 desimber 2025 yn wurking.