Beslutelist Deputearre Steaten 17 novimber 2026

1. Untwerp KRW-Nota Fryslân 2028-2033

De Kaderrichtlijn Water hat behearperioades fan 6 jier. De ûntwerp KRW-Nota Fryslân 2021-2033 is it dokumint foar de folgjende planperioade fan de KRW. It Ryk hat dizze ynput nedich foar de rapportaazje nei de Europeeske Kommisje fia it lanlike Stroomgebiedbeheerplan, dat fan 22 desimber 2026 ôf 6 moanne op besjen leit. It ûntwerp KRW-Nota Fryslân 2021-2033 befettet de needsaaklike eleminten foar de KRW, wêrby't net folle bestjoerlike frijheid bean wurdt binnen de ta te passen protokollen en hantrekken lykas foarskreaun binnen de KRW. De KRW-Nota Fryslân 2028-2033 sil ein 2027 as ûnderdiel fan it Regionaal Water en Bodemprogramma fêststeld wurde.

2.Twadde dielmjitting Fryske ImagoMonitor 

De twadde dielmjitting fan de Fryske ImagoMonitor ûndersocht hoe't Friezen, provinsjale meiwurkers en gearwurkingspartners de provinsje Fryslân as oerheidsorganisaasje ûnderfine. It algemiene byld is posityf: de provinsje wurdt wurdearre om har betrouberens (59%), belutsenens en ferbinende rol (59%). Ek fynt 61% fan de Friezen dat de provinsje midden yn de mienskip stiet. Tagelyk binne der ferbetterpunten. Foaral slachfeardigens en transparânsje wurde beneamd as oandachtspunten. De provinsje sjocht foar himsels trije wichtige ûntwikkelopjeften: better sichtber meitsje wat sy docht en berikt, transparanter kommunisearje oer bestjoerlike karren en ôfwagings, en de slachfeardigens fan de organisaasje fersterkje. De útkomsten wurde meinaam yn de fierdere organisaasjeûntwikkeling.

3. Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2027

De subsydzjeregeling Frysk foar no en letter is yn 2026 yn in nije foarm iepen steld en dizze regeling wolle wy yn 2027 op ‘e nij iepenstelle. De regeling wurdt op ynhâld net feroare, der binne wol in oantal ferbetteringen trochfierd dy’t de útfiering te goede komme. Dêrneist wurd de hichte fan twa dielplafonds oanpast nei oanlieding fan de oanfragen yn 2026 en de ferwachte oanfragen yn 2027. Dizze regeling is bedoeld om skoallen finansjeel te stypjen yn it foarmjaan fan harren eigen kurrikulum Fryske taal en kultuer. Frysk foar no en letter is in middel om ús doelstelling te heljen: yn skoaljier 2030-2031 hawwe alle skoallen dy’t ûnder de WPO en de WVO falle de kearndoelen Fryske taal en kultuer 2026 yn wurking steld. En yn de oare sektoaren hat it Frysk in stevich plak yn it ûnderwiis krigen.

4. Compensatiesystematiek Veenweide ferbettere fêststeld 

De Compensatiesystematiek Veenweide (CSV) is in rekkenmetodyk om foarôf de ynkommens- en fermogensskea foar grûneigeners en -brûkers by peilferheging yn it feangreidegebiet te bepalen. De oarspronklike systematyk is yn 2024 fêststeld en yn july 2026 troch Brussel goedkard mei in tal oandachtspunten. De ferbettere CSV moat oerkompensaasje en dêrmei net-tastiene steatsstipe foarkomme. Dêrneist is in subsydzjeregeling fêststeld om it ferskil tusken it reguliere eigen risiko (Normaal Maatschappelijk Risico, sirka 5%) en it legere eigen risiko fan 2% yn de CSV juridysk as subsydzje oan te merken.

Compensatiesystematiek Veenweide (CSV)