Beslutelist Deputearre Steaten 16 juny 2026

1. Oplizze Oplêgen lêst ûnder twangsom oan de REC en diels tawizen fersyk Stichting Afvaloven Nee 

It kolleezje fan Deputearre Steaten hat besletten it hanthaveningsfersyk fan Stichting Afvaloven Nee (SAN) diels ta te wizen: foar safier't it giet om de oerskrieding fan it reekgasdebyt yn 2025 wurdt hanthavenjend optreden. It fersyk om de REC stil te lizzen en de omjouwingsfergunning fan 14 febrewaris 2023 yn te lûken wurdt lykwols ôfwiisd. As hanthaveningsmaatregel leit it kolleezje in lêst ûnder twangsom op oan de REC (op grûn fan artikel 5:31d Awb). Ta beslút is de motivearring en ûnderbouwing fan it definitive beslút oanpast neffens it foarnommen beslút, nei oanlieding fan de sjenswize dy't de REC yntsjinne hat.

2. Subsydzje foar EFRO-project ‘Noord-Nederland verdient circulair 2.0’

Deputearre Steaten stelle € 250.000,- beskikber foar it EFRO-projekt ‘Noord-Nederland verdient circulair 2.0’. Mei dizze bydrage oan pinfierder Vereniging Circulair Friesland kin de mienskiplike Noard-Nederlânske oanpak fierder útfierd wurde. It projekt fersterket it sirkulêre ynnovaasje-ekosysteem en stipet mkb-bedriuwen by ketengearwurking, sirkulêre businessmodellen en opskaling fan ynnovaasjes. Dêrmei draacht Fryslân by oan duorsume wurkgelegenheid, in sterker regionaal fertsjinfermogen en effisjinter grûnstoffegebrûk.

3. Subsydzjeregeling otterbestindige netten 

It kolleezje fan Deputearre Steaten hat de subsydzjeregeling foar otterbestindige netten fêststeld. De weromkear fan de otter yn Fryslân is in posityf resultaat fan jierrenlang natuerbelied. Tagelyk konstatearret DS dat beropsfiskers hieltyd mear skea ûnderfine oan harren netten en fangsten om't otters de netten beskeadigje om by de fangsten te kommen. Mei dizze subsydzjeregeling stipet de provinsje beropsfiskers by de oanskaf en tapassing fan otterbestindige netten. Dêrmei wurdt de ekonomyske skea foar de sektor beheind en draacht de provinsje by oan in gearhing tusken natuerûntwikkeling en in duorsume beropsfiskerij. Foar de regeling is in budzjet fan € 250.000,- beskikber.