Beslutelist Deputearre Steaten 12 maaie 2026
1. Ramtnota 2027
Mei dizze Ramtnota 2027 presintearret it kolleezje de finansjele en beliedsmjittige ramten foar de fierdere ûntwikkeling fan Fryslân. De ramtnota foarmet de basis foar de provinsjale begrutting en biedt in trochkyk nei de kommende jierren. De ramtnota is mei ynjûn troch Provinsjale Steaten oannommen moasjes by de behanneling fan de Begrutting 2026 en it oanfoljend foarstel dêrop. Yn de ôfrûne pear moannen is hurd wurke oan de útwurking hjirfan om dit op tiid meinimme te kinnen by de ramtnota. De reade tried fan de foarstellen yn de ramtnota is it fersterkjen fan de brede wolfeart yn Fryslân, mei ûnder oare ynvestearrings yn iepenbier ferfier en ferkearsfeiligens, sirkulêre ekonomy, basisfeardichheden, ûndermyning en religieus erfgoed.
Ramtnota en flyer
2. Subsydzje foar projekt Polymac
DS fan Fryslân stelle €100.000,- beskikber foar it projekt Polymac. Mei dit projekt wurdt op It Hearrenfean in testfasiliteit opset foar it op 'en nij brûken fan plestik dat feilich brûkt wurde kin foar ‘voedselverpakkingen’. De testfasiliteit wurdt ûntwikkele yn gearwurking mei it Nationaal Testcentrum Circulaire Plastics. Mei de bydrage wol de provinsje de ûntwikkeling fan sirkulêre plestiks stimulearje, de regionale ynnovaasjekrêft fersterkje en Fryslân fierder posisjonearje as koprinner yn sirkulêre materialen. As de pilot suksesfol is, kin dit op termyn liede ta de bou fan in kommersjele fabryk yn de regio.