Beslutelist Deputearre Steaten 11 novimber 2025

1. Tussenevaluaasje Nota Weidevogels 2021-2030

It kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân hat ynstimd mei de tuskenevaluaasje oer de Nota Weidevogels 2021-2030. Dy tuskenevaluaasje is bedoeld om te beoardieljen oft it heljen fan de doelstellingen op koers leit, de plande maatregels útfierd binne en oft oanpassing fan it belied nedich is. Yn dizze tuskenevaluaasje wurdt besjoen hoe't it no mei de greidefûgels steld is. Hoewol't noch net alle maatregels út de Nota Greidefûgels 2021-2030 (folslein) útfierd binne, is de earste konklúzje dat de oantallen briedpearen skries, ljip en jong har de lêste acht jier stabilisearje yn de greidefûgelkearngebieten. Oan de oare kant docht ek bliken dat de doelstelling fan tsientûzen briedpearen skries yn 2030, en in stiging fan 30% fan de briedpearen fan de oare greidefûgels, noch net maklik helle wurde kin.

Tussenevaluaasje nota Greidefûgels 2021 -2030

2. Fries Natuurbrandbeheersingsplan

Provinsje Fryslân hat tegearre mei Brandweer Fryslân, Veiligheidsregio Fryslân, gemeenten en natuerbehearders in plan fêststeld om natuerbrannen better foar te kommen en te behearskjen. Yn it Fries Natuurbrandbeheersingsplan 2025-2029 stiet hoe't partijen gearwurkje om risiko's lytser te meitsjen en gau yngripe te kinnen as der dochs brân útbrekt. It plan bout fierder op it Convenant Natuurbrandbeheersing Fryslân, dat yn 2023 troch njoggentjin partijen ûndertekene waard.