Beslutelist Deputearre Steaten 10 novimber 2026

1. Provinsje Fryslân wol €4,3 miljoen ekstra yn it jier beskikber stelle foar ûnderhâld fan Fryske diken en brêgen

De provinsje Fryslân wol har diken, brêgen en farwegen ek de kommende jierren feilich en goed ûnderhâlde. It kolleezje fan Deputearre Steaten stelt foar om fan 2027 ôf struktureel goed €4,3 miljoen yn it jier ekstra beskikber te stellen. Mei it ekstra jild wol de provinsje it hjoeddeistige ûnderhâldsnivo behâlde. It giet dus net om in heger kwaliteitsnivo, mar om de middels dy't nedich binne om it besteande nivo op peil te hâlden. Provinsjale Steaten moatte noch beslute oer it foarstel. It foarstel wurdt ein 2026 foarlein oan Provinsjale Steaten.

2. Subsydzjeregeling Uitvoeringsagenda Landbouw ûnderdeel 'Bodem en Water' en 'Kringlopen'

Hjoed hat it kolleezje fan DS in subsydzjeregeling fêststeld foar in sûne boaiem, skjin wetter en it tûker benutten fan dongstoffen. Dêrfoar stelle wy €250.000,- beskikber. Mei dy regeling stypje wy projekten dy’t bydrage oan it ferminderjen fan gewaaksbeskermingsmiddels. Ek stimulearje wy tûker bedongje en gearwurkje om de regionale dongmerk hinne. Troch de fiedingsstoffen yn dong better te benutten, drage we by oan it sluten fan kringlopen. Mei dizze regeling jouwe wy konkreet útfiering oan ús beliedsbrief Lânbou. Oanfragen kin fan 26 novimber 2026 ôf.