Beslutelist Deputearre Steaten 1 septimber 2026
1. Berop ynstelle tsjin winningsfergunning koalwetterstoffen Akkrum
Deputearre Steaten hawwe besletten yn berop te gean tsjin de winningsfergunning foar it gasfjild Akkrum. De provinsje docht dit mei út namme fan Wetterskip Fryslân en de belutsen gemeenten. De Fryske oerheden fine dat de risiko's fan gaswinning, ûnder mear foar it kwetsbere feangreidegebiet, de wetterhúshâlding en drinkwetterbelangen, net genôch meiwoegen binne. De rjochtbank wurdt frege om te beoardieljen oft de steatssekretaris de proseduere just folge hat en it beslút foldwaande motivearre hat.