Besluitenlijst Gedeputeerde Staten 23 juni 2026

1. Doelstelling Friese Bomen - en bossenstrategie behelle 

Mei de oanlis fan mear as 250 bunder nij bosk hat Fryslân de doelstelling út de Friese Bomen- en Bossenstrategie al rom behelle. De oarspronklike opjefte wie 223 hektare nij bosk binnen it Natuur Netwerk Nederland. Deputearre Steaten ynformearje Provinsjale Steaten hjiroer yn in fuortgongsbrief oer de útfiering fan de strategy. Dêrneist binne ferskate subsydzjeregelingen iepensteld foar de oanlis en refitalisearring fan bosk, it werstel fan houtige lânskipseleminten, agroforestry en itensbosken. Foar dy maatregels is út it Maatregelenpakket Landelijk Gebied wei €15,8 miljoen beskikber. Mei dizze ynvestearrings wurket de provinsje oan in sterker lânskip, mear bioferskaat en ekstra CO₂-opslach yn Fryslân.

Documenten Friese Bomen-en bossenstrategie