Alle Fryske gemeenten hawwe in posityf begruttingssaldo 2026
De provinsje Fryslân hat alle 18 Fryske gemeenten ûnder it reguliere repressive tafersjoch pleatst. Dat hâldt yn dat alle gemeenten sûnder fierdere goedkarring foarôf harren begrutting 2026 útfiere kinne.
“De begruttingen fan de Fryske gemeenten binne foar it kommende jier struktureel slutend”, seit deputearre Eke Folkerts. Dat is de wichtichste konklúzje op basis fan de troch de gemeenterieden yn novimber fêststelde begruttingen. Dêrom falle alle gemeenten ûnder it reguliere repressive tafersjoch en binne de begruttingen foar kundskip oannommen.
Nettsjinsteande it positive byld oer 2026 binne der foar de takomst wol soargen. De wize fan finansierjen is troch it Ryk wizige. Dêrtroch sakke de algemiene útkearing fan it Ryk oan de gemeenten gâns. Dat like lang ta finansjele problemen by gemeenten te lieden yn 2026. Dêrom waard 2026 ek wol it ‘ravijnjaar’ neamd. Foar de jierren 2026 en 2027 is it Ryk úteinlik mei ekstra jild oer de brêge kaam. Derneist is in tal gemeenten begûn mei besunigings. Dêrtroch hawwe alle Fryske gemeenten in slutende begrutting 2026. It ‘ravijnjaar’ is opskoot nei 2028. By likernôch alle Fryske gemeenten sjogge wy dan ek dat it saldo yn 2028 gâns leger is as yn 2027. Mear as de helte fan de gemeenten presintearret sels in tekoart yn 2028.
De provinsje sil him, yn gearwurking mei de gemeenten, ek yn ‘e kommende jierren ynsette foar mear middels út it Ryk wei om de ‘ravijn’-jierren op te fangen.