De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in party in hieroerienkomst te sluten foar de ferhier fan ûndergrûn fan- en wetter by 2 stegers yn it Peinder Kanaal yn De Pein, op ‘e hichte fan it perseel Leyensloane 9 yn De Pein, sa ’t hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
RTV00B 036952.81.50 ha0.00.08 ha2.81.42 ha
RTV00B 036952.81.50 ha0.00.25 ha2.81.25 ha
RTV00B 036952.81.50 ha0.00.09 ha2.81.41 ha
RTV00B 036952.81.50 ha0.00.27 ha2.81.23 ha
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de Provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de ferhier.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker, sadat gjin iepenbiere seleksjeproseduere nedich is.

De hierder is fergunninghâlder fan dizze stegers. De ûndergrûn fan de stegers en it wetter by de stegers leit yn provinsjaal wetter. De hierder wol de ûndergrûn fan de stegers ynsette foar it gebrûk fan de besteande stegers. Dêrneist wol hierder it wetter by de stegers efentueel ynsette foar it oanlizzen fan in eigen boat.

De provinsje is koartsein fan betinken dat de hierder de iennige serieuze gadingmakker is foar de ferhier fan de oanbelangjende ûndergrûn fan- en wetter by de stegers.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (27-04-2024) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: Frou J. Noordanus, berikber op 058 - 292 59 25  of j.noordanus@fryslan.frl of fia it sekretariaat sec_vastgoed@fryslan.frl.