De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in party in hieroerienkomst te sluten foar de ferhier fan in in oeverstripe lizzend oan de Strobosser Trekfeart te Driezum, op ‘e hichte fan it perseel pleatselik bekend Terpwei 5 te Driezum, sa ’t hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
AKW00L 002012.01.80 ha0.00.57 ha2.01.23 ha
Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 heart de Provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de ferhier.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker, sadat gjin iepenbiere seleksjeproseduere nedich is. De oanbelangjende oeverstripe leit oan provinsjaal wetter en grinzend inkeld en allinnich oan it perseel fan hierder.

De provinsje is koartsein fan betinken dat de hierder de iennige serieuze gadingmakker is foar de ferhier fan de oanbelangjende oeverstripe.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (27-04-2024) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: Frou C. Pietjou, berikber op 058 - 292 59 73 of c.pietjou@fryslan.frl of fia it sekretariaat sec_vastgoed@fryslan.frl.