5937 ynbring trije perselen tichteby de Marssumerdyk te Deinum

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in (kavel)ruiloerienkomst te sluten, wêrby’t de provinsje ynbringt trije perselen grûn tichteby de Marssumerdyk yn Deinum, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
DNM00F 012290.09.70 ha0.09.70 ha 
DNM00F 013250.06.50 ha0.06.50 ha 
LWD00P 005040.15.44 ha0.15.44 ha 
Bovenaanzicht van de aangeboden percelen.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de (kavel)ruiling.

De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat 

  1. De oanbelangjende grûn fysyk ûnderdiel útmakket fan it neistlizzende perseel fan belanghawwer en de grûn allinnich fia syn perseel is te berikken.
  2. De provinsje fan betinken is dat it winsklik is om de te ruiljen perselen te ûntsluten fia de oan grinzjende perselen; en
  3. De belanghawwer in (part fan in) perseel levere hat oan de provinsje Fryslân foar de oanlis fan it ynfra projekt ' De Heak om Ljouwert'.

De provinsje is koartsein fan betinken dat belanghawwer de iennige serieuze gadingmakker is foar de tadieling fan de oanbelangjende grûn.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in (kavel)ruiloerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (22-11-2025 LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

frou M. Drenth, berikber op 058 - 292 59 25 of m.drenth@fryslan.frl