5. Solo rinne

Fia dizze side freegje jo as persoan in fergunning oan foar it yndividueel rinnen fan waadrinnen op it hiele Nederlânske Waad. De fergunninghâlder rint allinnich en ûnder eigen ferantwurdlikheid. Jo meie gjin tochten mei dielnimmers begeliede.
Fergunning oanfreegje
E-learning
- Introductie
- Module 1: Het Waddengebied
- Module 2: Voorbereiden van een tocht
- Module 3: Lopen van een tocht
- Eindopdracht Sololoper)
- Eindopdracht Begeleider Natuur-educatieve tocht
- Eindopdracht Begeleider Droogvallende platen
Foar it oanfreegjen fan dizze fergunning is it ferplichte om earst de e-learning te trochrinnen. It is belangryk dat jo kennis hawwe fan it waad, foardat jo tochten begjint te rinnen. It trochrinnen fan dizze e-learning kostet 2 oant 3 oeren. Nei it ôfrûnjen fan de einopdracht krije jo in sertifikaat (PDF ). Dit bestân hawwe jo nedich by de oanfraach fan de fergunning.
Foar it ynfoljen fan dit formulier hawwe jo DigiD nedich. Dêrneist moatte jo boppesteande e-learning trochrûn hawwe en it krigen sertifikaat uploade by jo fergunningoanfraach.
Goed om te witten
De fergunning dy't jo oanfreegje, is jildich oant 1 maart 2032. Nei it korrekt ynfoljen fan it formulier krije jo binnen 8 wiken de fergunning. Dy fergunning kostet € 62,00. De aktuele bedraggen binne te finen yn de Legesverordening provincie Fryslân.
Mochten jo noch foar dit jier in fergunning wolle, dan jildt it folgjende:
De fergunning dy't jo oanfreegje, is jildich oant 1 maart 2026. Nei it korrekt ynfoljen fan it formulier krije jo binnen 8 wiken de fergunning. Dy fergunning kostet likernôch € 103,- (€ 62,- foar de fergunning en € 41,- foar de waadrinpas). De aktuele bedraggen binne te finen yn de Legesverordening provincie Fryslân.
Help en Rêdingsmiddels
Ien fan de bylagen dy 't by de oanfraach üpload wurde moat, is in oersjoch fan de oanwêzige help- en rêdingsmiddels. Yn de úteinlike fergunning stiet dizze list opnommen fan help - en rêdingsmiddels dy 't yn in waadrintocht meinommen wurde moatte. Jo kinne dizze list as Word-bestân uploade by jo oanfraach.
De fergunninghâlder moat meinimme:
- in goed wurkjend floeistof of digitaal kompas
- in goed wurkjend horloazje
- in bywurke rûtekaart dêr't de posysje permanint op ôflêzen wurde kin
- op syn minst 2 hânlike ljochten en/of falskermljochten mei SOLAS keurmerk
- in útwurke tiidskema foar dy rûte en dy datum
- in list mei telefoannûmers fan persoanen en ynstânsjes dy't by ûngemakken warskôge wurde moatte
- in goed wurkjende telefoan
- in troch de Ryksynspeksje Digitale Ynfrastruktuer goedkarde maritime portofoan
As guon gegevens analooch / digitaal beskikber binne, is dat ek genôch.
Fragen
Hawwe jo fragen? Dan kinne jo belje mei ús Klantkontaktsintrum fia 058 - 292 89 95 of maile nei wadlopen@fryslan.frl