4945 útjefte erfpachtrjocht foar de eksploitaasje fan restaurant mei terras

De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de útjefte fan it erfpachtrjocht foar de eksploitaasje fan in restaurant mei terras oan de Lindedyk 2A te Nijetrine, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselenKadastrale oerflakteOerflakte yn oerienkomstFerskil yn oerflakte
ODT00B 030120.06.46 ha0.06.46 ha0 ha
ODT00B 030640.06.60 ha0.06.60 ha0 ha
Bovenaanzicht van het betreffende perceel.

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.

Yn ferbân mei feroaring of ferlinging fan it erfpachtrjocht moat de grûn mei opstallen op ‘e nij yn erfpacht útjûn wurde. It erfpachtrjocht wurdt brûkt foar de eksploitaasje fan in restaurant mei terras op it plak. De provinsje Fryslân is fan betinken dat der yn dit gefal sprake is fan mar ien serieuze gadingmakker om't it erfpachtrjocht hieltyd foar 26 jier útjûn wurdt. 

De oanbelangjende grûn en opstallen hat yn de ôfrûne perioade fan 26 jier nei tefredenheid fan beide partijen yn erfpacht west by erfpachter. Erfpachter hat grutte ynvestearrings dien foar de eksploitaasje fan it restaurant. Provinsje wol de eksploitaasje troch erfpachter te kontinuearjen foar it effisjint útfieren fan behear oan it erfpachtrjocht, ynklusyf de dêryn of dêrop oanwêzige wurken. Dêrom binne partijen oan ‘e ein fan de erfpacht perioade yn oerlis kaam oer mooglike ferlinging fan de oerienkomst. Op basis fan dizze petearen binne partijen ta oerienstimming kaam ta it ôfsluten fan in wersjoene erfpachtoerienkomst foar de doer fan 26 jier. 

De provinsje is koart fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.

Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (23-08-2025 publikaasje LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: 

De hear A. Hesselink, berikber fia 058- 295 87 53 of sec_vastgoed@fryslan.frl