4791 ferkeap perselen grûn oan de Bûtewei en de Weinterp te Wynjewâld
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de ferkeap fan fjouwer perselen grûn oan de Bûtewei en de Weinterp te Wynjewâld, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:
| Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
| LPH00G 02099 | 0.24.16 ha | 0.24.16 ha | |
| LPH00G 02078 | 0.11.04 ha | 0.11.04 ha | |
| LPH00G 02103 | 0.05.92 ha | 0.05.92 ha | |
| LPH00G 02100 | 0.04.77 ha | 0.04.77 ha |

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat de oanbelangjende grûn yn it fjild ûnderdiel útmakket fan de dêrnjonken lizzende perselen fan de keaper en ûnderdiel útmakket fan de iepenbiere dyk.
Foar it effisjint útfieren fan behear oan de dyk is it behear en ûnderhâld al oerdroegen oan keaper.
Yn neifolging fan maatwurk ôfspraken mei keaper moat de eigendom fan de perselen noch oan keaper oerdroegen wurde.
It is hjir te rêden om in transaksje tusken oerheden ûnderinoar. Yn dit ramt sil de grûn levere wurde oan de gemeente Opsterlân.
De provinsje hat foar de útspraak fan ’e Hege Rie mei de keaper oerienstimming berikt oer de ferkeap van de oanbelangjende grûn. It feit dat dy oerienstimming op dit stuit noch net fia de keapoerienkomst útfierd is, docht neat ôf oan ’e oerienstimming dy’t berikt is. De Provinsje Fryslân is fan betinken dat de algemiene begjinsels fan behoarlik bestjoer ek meibringe dat in betroubere oerheid him oan de ôfspraken dy’t makke binne heart te hâlden, om misbrûk fan it betrouwensbegjinsel foar te kommen.
De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (03-01-2026 LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
frou H. Terpstra-Seepma, berikber op 058 - 292 59 25 of h.terpstra@fryslan.frl