4728 ferkeap perseel kultuergrûn tichteby de Trekwei te Parregea
De provinsje Fryslân hat it foarnimmen om mei in partij in oerienkomst te sluten foar de ferkeap fan in perseel kultuergrûn tichteby de Trekwei te Parregea, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:
| Kadastrale perselen | Kadastrale oerflakte | Oerflakte yn oerienkomst | Ferskil yn oerflakte |
| TWD00E 00737 | 0.09.20 ha | 0.09.20 ha | |
| TWD00E 00739 | 0.00.80 ha | 0.00.80 ha | |
| TWD00E 00742 | 0.13.00 ha | 0.13.00 ha |

Op grûn fan resinte jurisprudinsje fan ’e Hege Rie út novimber 2021 en 2024 heart de provinsje by it útjaan fan fêstgoed in seleksjeproseduere troch te rinnen om likense kânsen te bieden oan minsken dy’t ynteresse hawwe. In seleksjeproseduere kin lykwols útbliuwe as yn ’t foar fêststiet oft ridlikerwize oannommen wurde mei dat op grûn fan objektive, toetsbere en ridlike kritearia allinne in werklike gadingmakker yn ’e beneaming komt foar de oankeap.
De provinsje Fryslân is fan betinken dat yn dit gefal praat wurde kin fan mar ien serieuze gadingmakker omdat de foarnommen oerienkomst ûnderdiel is fan in provinsjaal projekt foar de realisaasje provinsjale gebietsdoelen, it feiliger meitsjen fan de N359. It oanbelangjende perseel is nedich as kearpunt/draai sirkel fan it oanleine ûntslutings paad fan de dêrnjonken lizzende landerijen.
De provinsje is koartsein fan betinken dat de keaper de iennige serieuze gadingmakker is foar de oankeap fan de oanbelangjende grûn.
Alle serieuze gadingmakkers dy’t fan betinken binne dat sy ek foar in keapoerienkomst yn ’e beneaming komme moatte soene, hearre yn 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (17-01-2026 LC) in koart pleit yn behanneling makke te hawwen oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.
Kontaktpersoan provinsje Fryslân:
de hear J. Botke, berikber op 058-292 8985 of j.botke@fryslan.frl