De provinsje Fryslân hat it foarnimmen de wenning De Kemphaan oan De Burd, Trije Hûs 2, 9001 ZX Grou te ferkeapjen, lykas hjirûnder neier omskreaun stiet:

Kadastrale perselen

Kadastrale oerflakte

Oerflakte yn oerienkomst

Ferskil yn oerflakte

GRO00C 00310

0.02.50 Ha

0.02.50 Ha

GRO00C 01202

0.17.70 Ha

0.17.70 Ha

Bovenaanzicht van het aangeboden perceel.

Proseduere

Deputearre Steaten hat besletten gjin farwei troch de Hegewarren te realisearjen. Dat betsjut dat de fakânsjewenning oan De Burd ôfstjitten wurde kin.

Konfoarm it grûnbelied kin de wenning, nei earst yntern oan oare opdrachten en opjeften en ekstern oan oare (semy-)oerheden oanbean te wêzen, iepenbier by ynskriuwing ferkocht wurde. De provinsje is dwaande mei de ôfrûning fan it ferkeapdossier, wêrûnder in kadastrale grinskorreksje. Nei ferwachting sil begjin 2024 dossieroerdracht nei de ferkeapjend makeler plakfine en sil de ferkeap maitiid 2024 úteinsette. Neiere ynformaasje sil dan jûn wurde.

Belangstelling

As belangstellende kinne jo kontaktgegevens opskreaun wurde op in list fan ynteressearren foar dit objekt. Sadree 't de ferkeap úteinset wurdt, sil besocht wurde om alle belangstellenden hjirfan te berjochtsjen. As jo dêr gebrûk fan meitsje wolle, wurde jo frege om jo kontaktgegevens (namme, adres, wenplak, telefoannûmer en e-mailadres) te mailen nei ûndersteand e-mailadres û.f.f. “ynteresse wenning De Kemphaan”. Yn it ramt fan de AVG (privacy-wetjouwing) wurde jo fersocht om yn dizze mail tastimming te jaan foar it ferwurkjen fan jo gegevens foar dit objekt. Oan it opnimmen fan de kontaktgegevens fan in potinsjele belangstellende kinne gjin rjochten ûntliend wurde. Elke belangstellende wurdt advisearre de webside geregeld te besykjen. Alle provinsjale eigendommen dy ’t yn ’e ferkeap komme, wurde hjir op ‘e tiid neamd.

Status: ôfrûning tarieding ferkeap wêrûnder kadastrale grinskorreksje, dêrnei dossieroerdracht nei ferkeapmakeler. Ferwachting start ferkeap: maitiid 2024.

Kontaktpersoan provinsje Fryslân: frou H. Terpstra-Seepma, berikber op 058 - 292 59 25 of h.terpstra@fryslan.frl