31 partijen ûndertekenje Manifest Ferkearsfeiligens 2026-2040

Moandei 8 desimber hawwe 31 partijen in wichtige stap set rjochting in provinsje Fryslân dêr't elkenien him feilich yn ferpleatse kin. Se ûndertekenen it Manifest Ferkearsfeiligens 2026-2040. Yn it manifest stiet in mienskiplike ferklearring wêryn't de partijen harren ferbine oan konkrete doelen en maatregels om de ferkearsfeiligens yn de provinsje te ferbetterjen. 

Mei de ûndertekening is foar de kommende fyftjin jier in stevich fûnemint lein ûnder de mienskiplike útfiering fan de Fryske Integrale Visie Verkeersveiligheid 2026-2040. Mei de ûndertekening krije gemeenten provinsjale subsydzje, wêrtroch't se de kommende fiif jier op syn minst € 2, - de ynwenner ynvestearje kinne yn ferkearsedukaasje.

Manlike ferantwurdlikheid 

Provinsje Fryslân spant him sûnt jier en dei yn foar in ferkearsfeilige provinsje. Fan de jierren santich ôf binne dêryn grutte stappen set. De lêste tsien jier is de delgeande trend lykwols stagnearre en binne der wer jierren wêryn't it tal ferkearsdeaden omheech giet. It lizzen fan 'e puzel as ûndertekening fan it Manifest is in krêftich statement fan gearwurking en ferantwurdlikens om de opgeande line om te setten nei in delgeande line. Elk puzelstik stiet symboal foar in ûnmisbere bydrage. Alle stikken binne nedich.

Deputearre Matthijs de Vries: “We wolle trije prestaasjes helje: Yn 2030 brekke wy de stagnaasje troch yn de delgeande trend fan ferkearsdeaden en slim ferwûnen; yn 2035 sjogge wy in dúdlike delgong fan earnstich ferwûnen; yn 2040 binne der nul ferkeardeaden. Wy dogge dat mei gemeenten, plysje, IM, maatskiplike partners, ûnderwiis, wurkjouwers en de mienskip, want ferkearsfeiligens is fan ús allegearre.”

Provinsjale subsydzje 

Gemeenten krije fia in subsydzje ekstra budzjet om lokale projekten foar ferkearsedukaasje yn te setten. As gemeenten dêrfoar de kommende fiif jier op syn minst €1,- de ynwenner frijmeitsje, leit de provinsje ek in €1,- de ynwenner by.

Deputearre Matthijs de Vries: “Ik bin tige bliid dat guon gemeenten hjiryn fierder gean wolle as € 1,-.” Wethâlder Lisa Edema fan Eaststellingwerf: “Wi’j investeren al volop in veilige wegen, fietspaeden en kruuspunten. Mar verkeersveilighied dri’jt niet allienig om infrastruktuur; ok gedrag is bepaolend. Daorom zetten wi’j extra in op et anvieteren van veilig verkeersgedrag, veur inwoners van jong tot oold. Om dat meugelik te maeken stellen wi’j €2,- per inwoner beschikber.