Strategysk beliedsadviseur Frysk taalbelied (32-36 oer)

Twee vrouwen lopen de trap af.

Wy wurkje mei-inoar oan 
ús soarchplicht foar it Frysk

Wy binne provinsje Fryslân. Wa bisto?

Foar it team Taal en Leefberens, ûnderdiel fan it domein Belied & Strategy, binne wy op syk nei in beliedsadviseur Frysk taalbelied. De provinsje Fryslân hat de wetlike taak en soarchplicht om de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer (BFTK) út te fieren. De hjoeddeistige BFTK is yn april 2024 mei it Ryk ôfsletten en rint oant en mei 2028. Dêrneist hawwe Provinsjale Steaten de taalnota Fansels Frysk fêststeld yn juny 2024. De BFTK en Fansels Frysk foarmje it ramt fan ús Frysk taalbelied, mei in protte doelstellingen foar de kommende jierren.

In funksje mei betsjutting

De nije BFTK is om it taalfitalilteitsmodel fan Unesco hinne boud. Unesco ûnderskiedt njoggen pylders dy’t fan belang binne foar de taalfitaliteit. Dy pylders binne ferlykber mei de woartels fan in beam. Der is in netwurk oan sterke woartels nedich om in beam fitaal te hâlden en goed groeie te litten, sa ek by talen lykas it Frysk. Ryk en provinsje hawwe fiif prioriteiten oanwiisd foar de BFTK 2024-2028:  sichtberens, digitalisearring, ûnderwiis en ûndersyk, taaloerdracht, en desintraal taalbelied. As team binne wy no drok dwaande om op al dy mêden it Frysk fierder fuort te sterkjen en de ôfspraken út te fieren.

It wurk yn de praktyk

Do wurdst ûnderdiel fan it team Taal en Leefberens en wurkest benammen gear mei de taalkollega’s. Mei it team hâldst dy dwaande mei de polityk-strategyske prosessen en útfiering fan de bestjoersôfspraak, en de sintrale rol dy’t de provinsje Fryslân dêryn ferfollet. Wy hawwe de agindastellende en regissearjende rol yn de rjochting fan bestjoerlike partners binnen Fryslân (lykas gemeenten en ryksútfieringsorganisaasjes), it Ryk en yn Europa. Dêrneist wurkje wy yntinsyf gear mei ynstellingen en maatskiplike organisaasjes. Dat kin op basis fan subsydzjerelaasjes, mar ek op basis fan (harren) maatskiplike belutsenheid. Binnen it team Taal bist ferantwurdlik foar dyn spesifike haaddossiers, mar is der ek ynteraksje en kollegiale gearwurking oer yntegrale tema’s. As team binne wy kwa taken en dossiers wol yn beweging, dus ynterne feroaringen kinne him noch foardwaan. 

Dyn wichtichste taken en ferantwurdlikheden binne:

  • It útfiering jaan oan de provinsjale taken op it mêd fan de taalwetjouwing, de BFTK 2024-2028 en ús taalnota Fansels Frysk. It strategysk advisearjen oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten oer beliedsfoarstellen en oer hoe’t wy ús wetlike taken en rollen ynfolje;
  • Do bist petearpartner foar (bestjoerlike) partijen yn Fryslân, de oanbelangjende ministearjes fan it Ryk en Europa;
  • Advisearje oer taalbelied en de (trochûntwikkeling) fan de posysje fan it Frysk yn de takomst. Do fielst dy fertroud om dêroer mei ús partners te redendielen en beliedsútstellen te ûntwikkeljen;
  • It útfieren fan it streektaalbelied, lykas it Stellingwerfsk (Nedersaksysk) it Biltsk en oare kontaktfariëteiten tusken it Frysk en it Nederlânsk;
  • It behear fan ynhâldlike- en subsydzjerelaasjes mei Fryske, nasjonale en ynternasjonale taalorganisaasjes.

Taalbelied is kompleks en wy ferwachtsje fan de kollega dat dy ree is ek oare gearhingjende opkommende ad hoc taalûnderwerpen op te pakken.

Wa bisto?

Wy sykje in entûsjaste en betûfte kollega mei oantoanbere saakkundichheid op it mêd fan (it Fryske) taalbelied. Do hast strategysk en polityk-bestjoerlik ynsjoch en dêrmei kinsto dyn ynhâldlike kennis omsette yn advizen en belied. Wy ferwachtsje datst oertsjûgingskracht en trochsettingsfermogen hast, tinkst yn kânsen en sikest nei mooglikheden om dy te fersulverjen. Do beweechst dy maklik yn (ynter)nasjonale netwurken en leist graach ferbiningen.

Do bist in netwurker, teamspiler, bist by steat en drukst dy sawol yn wurd as op skrift goed en helder út. Do hast gefoel foar taal, de Fryske kontekst fan dit dossier en witst wat der spilet yn it fjild. 

Boppedat hasto:

  • WO wurk- en tinknivo en relevante oplieding op it mêd fan taal en minderheidstalen;
  • Underfining en affiniteit mei beliedsfraachstikken;
  • Ynsjoch en ûnderfining fan in stikmannich jier mei it wurkjen yn in polityk-bestjoerlike kontekst;
  • Analytysk en strategysk tinkfermogen;
  • Selsstannich, oplossingsrjochte en pro-aktyf hannelje kinne;
  • Skriftlike en mûnlinge behearsking fan it Frysk.

Wat biede wy

Do wurdst mei it team ferantwurdlik foar de útfiering fan de meast ambisjeuze BFTK dy’t it Ryk en de provinsje oant no ta ôfsletten hawwe. Fierder is der by de provinsje Fryslân in soad omtinken foar persoanlike ûntwikkeling en is hybride wurkje yn oerlis mooglik. Dêrnjonken krigest:

  • Lean fan op syn minst €4.232.08 en op syn meast €5.972,80 (skaal 11) smoarch yn ‘e moanne, by in wurkwike fan 36 oeren, ôfhinklik fan ûnderfining en oplieding;
  • Boppe-op dyn lean krigest 22,37% yndividueel karbudzjet. Dat yndividueel karbudzjet kinst bygelyks ynsette foar ekstra ferlof, fytsplan, bedriuwsfitness, lidmaatskip fan ‘e fakbûn, of brûke as ekstra sparpot;
  • In persoanlik opliedingsbudzjet fan € 6.000,-;
  • In jierkontrakt foar 32-36 oeren mei de mooglikheid ta ferlinging;
  • Fergoeding wen-wurkferkear foar fytsers en treinreizgers. Komst mei de auto? Dan hawwe wy in plakje foar dy reservearre yn de parkeargaraazje dy’t tichteby leit;
  • In ynformele en persoanlike wurksfear, mei in soad romte foar eigen ynbring, en goede trochgroeimooglikheden. 

Reagearje

Werkensto dysels yn dit profyl en hast belangstelling? Dan krije wy dyn CV en motivaasje graach uterlik moandei 9 juny 2025. De petearen wolle wy graach fiere op moandei 16 juny!

Sollisitearje

Mear ynformaasje

Ast noch fragen hast oer dizze funksje dan kinst kontakt opnimme mei Harmen Akerboom, teammanager Taal en Leefberens, fia 06 - 41 33 54 84 of mail nei akerboom@fryslan.frl. Hast fragen oer de sollisitaasjeproseduere, nim dan kontakt op mei Danique Akkerman, HR-meiwurker, via 06 - 29 73 85 37 of mail nei d.akkerman@fryslan.frl.

Provincie Fryslân
Provinsje Fryslân

Werken bij de provincie Fryslân betekent werken bij een ambitieuze organisatie. Met ruim 1.000 collega’s maken we Fryslân mooi en sterk. Het resultaat voor de Friese samenleving staat voorop en daarnaast staat het werkgeluk van onze medewerkers centraal. Persoonlijke ontwikkeling, vitaliteit, teamwerk en waardering zijn daarbij belangrijk. We werken in een moderne organisatie waar het resultaat voorop staat en samenwerking vanzelfsprekend is.

Fryslân heeft een uitgesproken eigen identiteit en die koesteren we. Daarom is tweetaligheid bij provincie Fryslân een basisprincipe. Foar dy ek?