Wyn yn de silen foar de Fryske maritime sektor
Mei de ûntbleating fan de earste grutte stielen wyn-wjuk ‘Grutte Pier’ hat deputearre Douwstra by Stielbedriuw Nauta yn Heech it startskot jûn foar de opskaling fan wynoandriuwingstechniken op skepen. Dat barde yn de gearkomste mei as tema ‘Windvoorstuwing op zee: Kansen voor de Friese maritime sector’, dêr’t ûndernimmers ynformearre waarden oer de mooglikheden om by dit inisjatyf oan te heakjen.
“Maritime technology en sirkulêre ekonomy binne twa fan ús ekonomyske spearpunten. Yn dit projekt komme dy prachtich byinoar. It is moai dat wy op de Dei fan de Undernimmer sjen litte kinne dat wy dizze kennis en dizze bysûndere bedriuwen yn Fryslân hawwe”, sa seit deputearre Douwstra.
Yn it Europeeske Interreg NWE-projekt Wind for Shipping (W4S) wurkje regio's út Dútslân, Frankryk en Nederlân tegearre oan de fierdere ûntwikkeling en it opskalen fan de produksje fan wynûndersteunende oandriuwing foar see-skepen (Wind Assisted Propulsion). Dit kinne grutte stielen silen of rotoren wêze. It brûken fan wyn-wjukken kin liede ta in direkte brânstofbesparring fan 10 oant 15 persint, ôfhinklik fan de farrûte. Oer de hiele wrâld komme sa'n 30.000 seeskippen yn 'e beneaming foar dizze technology – goed foar in merk potinsjeel fan €30 miljard.
Fryske gearwurking
De maritime sektor en stielferwurkjende bedriuwen út Fryslân wurkje gear mei merklieder Econowind oan de produksje en ynstallaasje fan Wynwjukken. Bedriuwen as Bijlsma Marine Services, Boomsma Shipping, Masinefabryk Leenstra en Nauta Heech spylje hjiryn in wichtige rol. De earste stielen Wyn-wjuk, in eksimplaar fan 30 meter heech neamd ‘Grutte Pier’, is ûntwikkele yn in EFRO projekt en mei-finansearre troch de EU fia SNN. Dizze wurdt op it stuit boud troch Nauta yn Heech mei Bijlsma yn Warten en sil test wurde troch rederij Boomsma Shipping út Snits.
Ek it Maritiem Instituut Willem Barentsz (MIWB) is belutsen. Omdat farren mei wyn-wjukken oare feardichheden fereasket, wurde takomstige seefarders al yn harren oplieding taret op dy nije, duorsume wize fan farren.
It W4S projekt rjochtet him njonken de bou op opskaling en robotisearring fan de produksje. Wêr't it earste prototype noch arbeidsyntinsyf is, sil de folgjende stap bestean út it automatisearre produsearjen. Sa kinne mear wjukken flugger en goedkeaper makke wurde. De ambysje fan W4S is om in optimale produksjeketen foar Wynwjukken te ûntwikkeljen en dy yn koarte tiid op skippen te ynstallearjen. Troch de strategyske lizzing fan Harns yn it Noardseenetwurk wurdt de haven sjoen as ideale ynstallaasje-hub foar dizze technology, wat ekstra kânsen biedt foar Fryslân.