Wurksumheden brêge Janesloot
Fan moandei 6 oant en mei freed 10 oktober fieren wy wurksumheden út oan de Janeslootbrug. De brêge is ta oan ûnderhâld. Dizze wurksumheden fiere wy út fan 09.00 oere oant 16.00 oere. De brêge stiet dan in stikje omheech, wêrtroch sawol autoferkear as skipfeart de brêge net passeare kin.
Foar foetgangers en fytsers betsjinje wy de brêge. De maksimale wachttiijd sil 15 minuten wêze. By kalamiteiten meitsje wy de brêge sa fluch mooglik frij, sadat hulptsjinsten dêr komme kinne. Bûten wurktiden, foar 09.00 oere en nei 16.00 oere, is de brêge iepen foar trochgeand ferkear.
