Weromsjen op de European Week of Regions and Cities 2025
Provinsje Fryslân wie yn oktober oanwêzich by de European Week of Regions and Cities yn Brussel. Yn dit jierlikse evenemint komme bestjoerders, beliedsmakkers en organisaasjes út hiel Europa gear om kennis te dielen, nije ideeën op te dwaan en gear te wurkjen oan de takomst fan de Europeeske regio's.
Ut namme fan de provinsje namen deputearren, meiwurkers en partners diel oan ferskillende sesjes en moetings. De wike yn Brussel bea folop kânsen om gearwurkingen te ferdjipjen en nije ferbiningen te lizzen mei oare Europeeske regio’s en kennispartners.
Besjoch hjirûnder de fideo foar in ympresje fan de Fryske dielname oan de European Week of Regions and Cities 2025: Fryslân lit sjen dat in lytse regio grut meidwaan kin, troch te ferbinen, te dielen en mei-inoar te bouwen oan in duorsume takomst.